Het is nu eenmaal het lot, dat gedrukte boeken andere onmogelijk maken en het herhalen van legenden maakt, dat ze steeds vaster geloofd worden.

De schrijver moge overtuigd zijn, dat deze opmerkingen gemaakt worden uit belangstelling voor zijn onderneming, waarmee wij hem van harte gelukwensen.

J. J. Kalma.

D. T. E. van der Ploeg, Öantumadiel. Hoe’t it wie en hoe’t it is. Mei in „ten geleide” fan Mr. P. T. van der Herberg. Ütjefte mei Fr. Akademy vignet fan Drukkerij Laverman N.V. Drachten, 1957.

Dit is, neffens de ündertitel, in lêsboek foar de skoallen yn Dantumadiel, en yn de tekst steane ek hieltiten einen („wer de kaert derby, jóngesl”), dêr’t men üt fornimt, dat hjir in ünderwiisrrian de bern op ienfaldich-holden geakunde set. Hy fangt mei dit boekje forskate miggen yn ien klap: le. omfettet geakunde al de pleatslike aspekten fan mear as ien fak, en 2e. jowt hy net inkeld in boekje oer geakunde, mar teffens in Frysk lêsboek, dat fan styl en ynhald de bern oansprekke moat, ek al omdat it oer de eigen hoeke giet. De filmstripe oer de eigen gemeente mei foar de bern tige learsum wêze, ik hald it op in lêsboek lyk as ditte, ek al omdat it „rynsk yllustrearre” is mei foto’s, tekeningen, reproduksjes fan alde printen en kaerten. Itliketmy de ienige smet op dizze ütjefte ta, dat de kaertsjes mar hwat min ütfierd binne; soks mei hinnebruije yn in materiael-leverjende ütjefte (bg. Fr. Plaknammen), mar it kin net yn in lêsboek foar de jongerein, binammen net as dat fierder sa kreas ütfierd is as yn dit gefal. Der bistiet sa stadichwei oer Dantumadiel gans geakundige en histoaryske literatuer. It neamen fan de nammen Botke, Teunissen, Sikkema, Wadman, Broersma en Tsjepkema sil foldwaende wêze om oan to toanen, dat it der dêr better foarstiet as yn Kollumerlan (nettsjinsteande Andreae), Achtkarspelen en Tietsjerksteradiel. Mei it each op de oansteande ruilforkaveling, dy’t sünder mis de natuer tige forearmje sil, is it goed, dat krekt Vander Ploeg dizze populaire geakunde skreaun hat; de natuer kriget nou goed har gerak. Mar teffens is it goed, dat dizze natuerspesialist de plante- en dierewrald net oerhearskje lit oer de saeklike biskriuwing, de skiednis, it folkslibben en de doarpen.

Spahr.