In twadde great wurk dêr’t Prof. Lucas üs in tige deugd mei dien hat, is de ütjefte fan ’e beide manske dielen Dutch emigrant memoirs and related writings. Pioniers üt ’e foarige ieu meast of har bern hawwe har oantinkens op papier brocht; ornaris leit sok wurk forsille yn alde Ned.- Amerikaenske kranten, soms is inkeld it hanskrift bidobbe yn ien of oare bibliotheek. Lykwols ek dy artikels dy’t yn in boekwurk ütjown binne, sa’t it gefal is mei de stikken dy’t üt ’e Standard Historical Atlas of Sioux County lowa oernommen binne, kin men yn Nederlan hast net bineikomme.

Fan dit ienfaldige proaza, foar in part yn hwat Mdfrinzich Nederlansk, foar in part yn 't Ingelsk, giet in eigenaerdige bikoaring üt. Prof. Lucas skriuwt der yn syn foarwurd fan:

„Not because of faultless rhetoric or the embellishment of poetic fancy, but simply because these documents express the plain truth of hard experience gained in the virgin woods of Michigan or on the prairies of lowa and other states or in the villages and towns of the great American frontier will readers be attracted to what these Dutch and Friesian and Bentheim immigrants and their children have recorded”.

In inkeld stik hat my dochs ek as literair dokumint hwat dien. Dat jildt binammen fan Anna Brown’s Life story of John Tuininga. De skriuwster forhellet it libben fan har heit Jan Tuininga, dy’t as jonge mei syn heit, ek in Jan Tuininga, üt Pitersbierrum yn’e ploech fan Oepke Bonnema it Heitelan forliet en yn ’e koloanje Frisia yn Wisconsin tolanne kaem. Yn gjin oar stik is de spjalt dy’t der yn ’e siele fan in emigrant üntstean kin sa skerp tekene as yn ’e libbensbiskriuwing fan dizze gefoelige, hwat ien- en memkennige man, dy’t mei in Ingelske frou troude, dêr’t er it lok net by fine koe. Dy skets allinne al makket it boek ta in bisit fan wearde.

Wy treffe yn it earste diel ü.o. fiif sketsen oer de stifting fan Vriesland, Michigan oan. len fan ’e auteurs, dominy John H. Karsten, in Hearrenfeanster, skriuwt yn it twadde diel ek oer in heale ieu Nederlanske kolonisaesje yn Wisconsin. In artikel fan Herman Bottema, oemommen üt ’e Ljouwerter Krante, biskriuwt it libben yn Friesland, Wisconsin, in doarp dat yn 1928 noch hielendal frysktalich wie.

Fierder jildt ek fan dizze kostbere boarneütjefte, dat men it hiele boek troch mei Friezen yn oanreitsjen komt. Bisünder aerdich is, dat der in foto fan ’e Boarnwerter lowa-pioniers Sjoerd Sipma en Jelle Pelmulder as alde mantsjes yn foarkomt.

It bilang fan it sammeljen en fêstlizzen fan sokke forsille boarnen kin men net gau to heech oanslaen. Hwat soe it syn nut bygelyks hawwe