Oer Woarp van Peyma en syn fêstiging by Lancaster, New York, wurdt ek gjin nij ljocht jown. Oer it óftaesten fan alle mooglikheden, dat troch dizze bigoedige lju dien is, ear’t hja har nei wenjen setten, hie er noch wol efkes krekter ynljochtsje kinnen, hwannear’t er kennis nommen hie fan in printe brief fan de Burgumer Anne Gearts van der Meulen, skreaun yn 1849 üt Pella.6

Oangeande de fêstiging fan ’eßalkster fine minnisten by New Paris, Indiana, yn 1853 makket er itselde forsom as Van Hinte: hy ken it boek fan John (Jan de Jong fan Sleat) net7, dat de tastan fan ’e koloanje yn 1882 biskriuwt. Oars hie er sa resolüt net ornearre: „The Friesian group was in time absorbed by the other Mennonites of the neighbourhood”, foaral net hwannear’t er boppedat ynDe Zee’s boek it haedstik oer dy syn bisyk yn 1928 oan de noch altyd Frysk pratende neikommelingen lézen hie. It net kennen fan it boek fan John en fan dy syn lettere artikels yn Hepkema’s krante bringt ek mei, dat Lucas minder folslein skriuwt oer de fortuten fan it wurk fan Van Löben Seis by de Sacramento River yn Californië. Van Hinte hie syn forsom mei it artikel Een Friesclie nederzetting in Californië 8 oars yn 1931 al goedmakke.

Oer it algemienis Van Hinte, forgelikemei Lucas, oangeande de Fryske delsettingen earder wiidweidiger as koarter. Oer Tillema, de stifter fan Friesland yn Wisconsin, jowt er bygelyks mear; in inkelde kear lykwols hat Lucas dochs in nije boarne oanboarre, sa’t it gefal is mei Oepke Bonnema’s Frisia (New Amsterdam), Wisconsin. Ek oer it üntstean fan omtrint Fryske streken by Los Angeles yn Californië en it taelgebrük dêrre jowt er in stikmannich nijsgjirrige bisünderheden.

Soms kriget men ut Lucas’ wurk hwat in oare foarstelling as üt Van Hinte sines. De foarnaemste fêstiging fan Nederlanners yn lVlontana wie Manhattan. Van Hinte seit, dat dy foaral üt Grinslanners bistie, wylst Lucas, as er it oer de gearstalling fan de Fryske mienskippen yn Bellflower, Artesia en Hynes yn Californië hat, seit, dat de measte Friezen dêrre üt de Fryske sintra yn it Midden-westen en üt Manhattan kamen, dat foar in great part üt Friezen bistie.

Yn it haedstik oer de kultuer seit Lucas aerdige dingen oer de dichter yn trije talen (Frysk, Nederlansk, Ingelsk) Broer Doekeles Dykstra (fan de skriuwer stiiffêst Broere Douwe D. neamd). By de prozaïsten wurde in pear fan ’e wichtichste auteurs fan Frysk komöf bihannele.

Sa net, it hiele boek troch wurde der meidielingen dien oer Amerikaenske Friezen; yn it persoansregister bislane hja in great plak. Ek de Eastfriezen sille yn dit prachtige boek gans oer har lansij u yn ’e Nije Wrald fine kinne.