ly none of the residents there showed any desire to follow the example of the gold seekers”. As boame neamt er Nollen, Afscheiding, mar hy sjocht op dat stuit in passaezje yn Van Stigt, Geschiedenis van Pella – in wurk dat er fansels wol brükt hat – oer ’e holle, dêr’t de jongkeardels üt Pella dy’t net thüs bliuwe koene by de namme neamd wurde. De measten boarnen binne skreaun fan minsken mei in biheinde eachweiding, dy’t haedsaeklik op har ünthald to seil geane; men moat dan ek altyd boarne mei boarne forgelykje.

It leit wol yn ’e reden, dat wy hjir folsteane mei it neigean fan hwat der oer it oanpart fan ’e Friezen yn ’e emigraesje üt Nederlan en binammen oer de stikmannich yn haedsaek Fryske fêstigingen to finen is. In gearfetsjend histoarysk oersjoch dêrfan bistiet net, of it moastSjouke de Zee, Myn twadde Amerika-reis, in boek mei in mear journalistyk as wittenskiplik karakter 3, of it wol goede, mar koarte artikel fan Prof. M. ten Hoor 4 wêze.

Oan Lucas’ boek hat men dan ek gans, om’t er, lyk as op bis. 4blykt, wol doel oer aerd en plak fan ’e Friezen en it Frysk hat. Oer de ynfloed fan it Ingelsk op it Frysk fan ymmigranten jowt er aerdige bisünderheden; ek oer it foringelskjen fan ’e Fryske nammen. In manko is, dat er yn it haedstik oer de kulturele aktiviteiten fan emigranten üt Nederlan neat oer de Fryske organisaesjes, ek net oer it Frisian Information Bureau meidielt.

Oer de Fryske fêstigingen üt ’e foarige ieu fine wy by Lucas nei Van Hinte net folie nijs.

Dêr is yn ’e earste pleatslowa. Lucas’forhaelbigjint by de stifting fan Pella. Al hwat foar de earste „greate trek” nei Amearika fan likernóch 1846/47 leit is as foarskiednis uterst bilangryk. As Lucas it boek fan De Zee kennen hie, soe er grif melding makke hawwe fan in brief fan Jentsje Feenstra, öfkomstich üt Aldegea (W.), dat dêryn oanhelle wurdt.5 Feenstra skriuwt yn 1849 üt Bloomington, lowa, hoe’t der forskate Fryske hüshaldingen om him hinne tahalde dy’t hjir al fan 1838 öf wenje en inkeld Frysk ünderinoar prate. As dit wier is, is it like wichtich as Beukma’s fêstiging yn 1835 yn Lafayette, Indiana, fan Van Hinte en Lucas wiidweidich biskreaun. Oer it oanpart fan ’e Friezen by de stifting fan Pella en Orange City jowt it boek sa sear gjin nijs. Allinne is it it neamen wurdich dat hy as earste de brieven fan Jelle Pelmulder, de eardere Boarnwerter skoalmaster, brükt. Fan Hjerke Ypes Viersen, de lieder fan ’e Fryske groep dy’t nei Pella giet, wurdt as berteplak Ljouwert jown. Dat moat de Geast (Rinsumageast) wêze.

Vriesland yn Michigan wurdt uterst koart bihannele, mar Lucas’ boarneboeken forgoedzje hjir gans.