dingsminsken dy’t de fêstiging yn Michigan ta bloei brocht en op hast elk Nederlansk sintrum yn Amearika har stimpel set hawwe. Van Hinte wie ek hwat syn geastlike lizzing oanbilanget bütenstanner. Sikerwier makket dit ünderskie, mar it neidiel dêr’t Van Hinte yn is wurdt foar in goed diel oerhelle troch de greate kennis fan en it bigryp en de wurdearring foar de kalvinistyske pioniers, dy’t men by Van Hinte dy t syn wurk net om ’e nocht oan ’e neitins fan Van Raalte opdroegen hat – hyltyd wer oantreft. Sa net, de objektiviteit kin ek wol ris in foardiel wêze, foaral as de bütensteander sa’n goed sosiograef is as Van Hinte. Om ien foarbyld to neamen: al om 1880 hinne komt der strideraesje oer de frage, oft it libben yn de typysk Nederlansk-kalvinistyske koloanjes net ryklik saei en lytsboargerlik is. Tsjibbe Gearts bygelyks hat dêr oer yn ’e slach west mei in Grinzer krante, dy’t Pella in op kultureel gebiet tige forfeelsum nést neamde. Van Hinte giet op sokke fragen yn by syn bihanneling fan ’e skaedsiden fan it libben yn ’e Nederlanske fêstigingen, en hy docht dat tige hoeden en objektyf. Foar Prof. Lucas liket it gjin fraechpunt to wêzen. To praet komt it by him inkeld hwer’t er oer skriuwers en skriuwsters gear is dy’t dizze kwestje yn har romans bihannelje; hy skriuwt har tsjinnichheit yn it libben op dy plakken allinne ta oan har renegaet-wêzen en lit de fraech wêze, oft ünder har oerdriuwing faeks gjin wierheit skület. Oer it generael giet Van Hinte breder en djipper as Prof. Lucas yn op it totael fan sosiale en maetskiplike forskynsels, dat him by de fêstiging yn it nije lan foardocht. Oerstallich is it aldere boek dan ek üt noch yn net wurden.

Wol mei men mei greate tankberens konstatearje, dat Prof. Lucas der in tige bilangrike oanfolling opjowt. It wurk sit stiiffol nije feiten, mei troch it boppeneamde boarneundersiik, en troch it feit dat der tusken 1928 en 1955 gans oer ünderdielen fan it stüdzjefjild forskynd is.2

Aldergeloks hat it wurk fan Prof. Lucas jit in deugd mei Van Hinte sines mien: it dokumintearret like wiidweidich en soarchfaldich; boppedat kin men him foar in great part seis fuort neigean hwannear’t men syn hjiründer bisprutsen boarneboeken by de han hat.

De skriuwer hat gjin muoite skromme om alle feiten, oer in great tiidrek en in geweldige romte ütinoarlizzend, ta syn foldwaen to krijen. It is üs foech net en kontrolearje it hiele boek op syn feitlike krektens. Hjir en dêr binne wy wol ris oer in detailfrage stroffele. len foarbyld: Op bis. 391 skriuwt Lucas oer de goudkoarts dy’t de lju yn ’e midden fan ’e foarige ieu nei Californië drean: „Despite the fact that the overland trekkers passed through Pella on their way west to California, apparent-