East Friesland Harm Tymens Harm Tijmens East Friesland Henderick Tymens Dirk Tijmens Amsterdam David Prins David Prinz or Prins (?) Doesburg Wendel Grad Wendel Grad Doesburg Joh. Casper Yölcker Johann Casper Völcker Doesburg Henricus Waldeck Henricus Waldeck Bergen-op-Zoom Conr. Vrylingh Koenraedt Frijlingh Dort Joh. van Hobocken Johannis van Hoboken

£at en glo-atye tfan emigranten nei de foriene £teaten.

Henry S. Lucas, Netherlanders in America. Dutch Immigration to the United States and Canada, 1789-1950. Ann Arbor – The University of Michigan Press. London- Geoffrey Cumberlege

– Oxford University Press. 1955.

Henry S. Lucas, Dutch immigrant memoirs and related writings. Assen – Netherlands – MCMLV.

Oer de skiednis fan ’e emigraesje ut Nederlan nei de Foriene Steaten bistie it greate twadielige wurk fan J. van Hinte, Nederlanders in Amerika.1 Der heart sünder mis moed ta en kom jitris mei in mansk boek oer itselde ünderwerp, in boek dat foar it greatste part üt ’e selde boarnen skreaun wurde moast en in gelikense yndieling krige hat as syn treflike foargonger.

De skriuwer, Prof. Lucas, jowt hjir yn syn foarwurd rekkenskip fan. As foarnaemste arguminten ta rjochtfeardiging fan syn ündernimmen fiert er oan, dat hysels Amerikaen is, wylst Van Hinte Nederlanner wie. Hysels hat in libben lang de Amerikaenske boarnen neisneupt, wylst Van Hinte mar koarten tiid yn Amearika wêze koe. Hysels hat gans alde emigranten of bern fan pioniers ütfreegje kinnen. Yndied makket dit gans forskil. Van Hinte neamt yn syn foarwurd foaral repatrianten as lju dy’t him meidielingen levere hawwe; syn wiidweidich boarnemateriael hat er meast yn Nederlan foun. Prof. Lucas hat syn nije boarnen foaral üntdutsen yn krante- en tydskriftartikels, meast skreaun by gelegenheit fan greate jubilea yn ’e fêstigingen fan Nederlanners. Dêrfoaroer hat er, hoewol’t er Nederlan wol bisocht hat, noch al ris Nederlanske – ek wol Fryske – boarnen sitte litten.

It twadde ünderskie mei Van Hinte, dat Prof. Lucas as argumint bybringt, is it forskil yn geastlik klimaet. Hysels is greatwurden yn ’e Chr. Reformed Church en opbrocht yn sfear en bigj inseis fan 'e Ofskie-