26 Des Brisay 1, p. 32.

27 Des Brisay 1, p. 46, f.

28 Des Brisay l, p. 50.

29 Sj. lykwols de skriftlike meidielings fan Dr. Bell fierderop; ik wit net, oft dizze en oare ünkrektheden yn ’e 2de ütjefte fan Des Brisay forbettere binne.

30 Dizze meidieling fan Des Brisay is sa’t it liket de boarne, dêr’t MacKinnon syn fierdere gegevens oer Brün Romkes wei hat.

31 Des Brisay 1, pp. 51; 52.

32 Des Brisay 1, pp. 99, 100; 201, 220.

Chester is gans lytser as Lunenburg; yn 1763/’64 wie de forhalding üt ’en rügen, yn tal hüshaldings: Chester 30, Lunenburg 300; yn tal persoanen: Chester 100, Lunenburg 1600.

33 Ek neffens Dr. Bell.

34 Des Brisay 1, p. 103.

Neffens MacKinnon wie Seccombe Congregationalist, en dat is krekt, neffens skriftlike meidieling fan Dr. Bell.

35 Des Brisay 1, p. 236.

33 Dr. Bell wiisde my op in artikel oer „The history of St. Matthew’s Church, Halifax, N.S.”, fan Prof. Dr. Walter Murray, yn: Nova Scotia Historical Society, Collections, vol. 16, (1912), pp. 141, ff., dêr’t (frijhwat ünlêsbere) foto’s fan it bigjin en de ein fan itselde hanskrift by öfprinte binne, en ek in portret fan „Rev. Bruin Romcas Comingo”. Dat portret haw ik op myn bar de fotografyske reproduksje fan makke dy’t hjir opnommen is. Ik haw noch net ütfoun, hwer’t it origineel fan dit portret tahaldt.

Fierdere literatuer neffens opjefte fan Dr. Bell, dêr’t ik lykwols noch gjin kennis fan nimme kinnen haw:

Tremaine, Bibliography of Canadian Imprints 1751-1800, item 155 (biskriuwing fan de ordinaesje-preek en ófleine forklearrings);

en foar oriëntaesje:

S. D. Clark, Church and Sect in Canada;

J. B. Brebner, Neutral Yankees of Nova Scotia.

37 Forl.: C. A. Herrick, White Servitude in Pennsylvania, Philadelphia, 1926.

38 It liket hwat fier socht om in namme „Frouk(j)e” heal op syn Dütsk staverje to litten troch in Anglikaenske geastlike. It leit mear foar de han, dat „Fruche” hjir op syn Ingelsk ütsprutsen wurde moat, dus likernóch as „Fratsje”. Sadwaende wol Dr. Bell oan op ien of oare dialektyske parallelfoarm fan „Fraulein”. Dat soe de swierrichheit fan de twa üngelikense foarnammen fan de mem moai üt ’e wei helpe. Mar dan soe it wurd tinkt my faker yn ’e registers foarkomme moatte foar oare froulju. En yn in doopboek mei men dochs op syn minst in doopnamme foar it bern forwachtsje.

39 Dr. Bell: „(It) looks as though be had let people use his first name (anglicized in pronunciation) as a surname . . . This would, presumably, have taken place in the Chester settlement, which was a settlement originally of New Englanders, not of Germans, etc., like Lunenburg”.

40 Sj. Taheakke 11.

41 It soe al tige bryk wêze, as men hjir mei in bynamme „Come-’n-’-go” to meitsjen hie, in sinspiling op Brün Romkes syn swalkjen fan it iene sté nei it oare, mar men kin de müglikheit net ütslute.

42 To Ljouwert hawwe de hearen W. Dolk en R. S. Roarda de registers fan