skriuwe kinnen, mar hy koe it fansels bést weilitte; en ek de Hollanske klerk to Rotterdam, dy’t syn namme op ’e „passenger list” optelcene, hie fan „Camminga” gjin „Comingo” meitsje kinnen. Mar yn Halifax en Chester, dêr’t de klerken Ingelsken wiene, wie „Comingo” wol sahwat de béste stavering foar it op syn Frysk (of Grinslansk) ütsprutsene wurd „Camminga” dy’t men mei it each op de Ingelse lüdwearde fan de letters bitinke kin

Ik hoopje dus mar, dat de sneupers earne yn de archiven de namme Camminga yn Brun Romkes syn forline tsjmkomme.42 En dêrmei soe dan de slutstien foun wêze foar it forhael fan in ienfaldige Fries, dy’t op aventür de wide wrald yn teach, „per aspera ad astra” kleau en ien fan ’e geastlike lieders fan it opkommende Nova Scotia waerd.43

Ni'pigon, Ont. J. fon Wearinga. Oantekenings &■ literatueropjefte.

1 Neffens skriftlike meidieling fan Dr. Winthrop Bell, Chester, N.S., wurde ek de ófstammelingen fan de Dütskers yn Lunenburg County, N.S., noch wol as „the Lunenburg Dutch” oantsjut, dat hy forklearret üt de ünderstelling, dat de oarspronklike ymmigranten harsels „Deutsche” neamden. 2 Nova Scotia Tour Book, Halifax, 1951, p. 39. Th. B. Akins, Selections from the public documents of the province of Nova Scotia, Halifax, 1869, p. 659 *:

„Leonard Lockman was a German ... He died at Halifax, and was buried beneath the old German church in Brunswick St., where his monument still remains”.

4 Th. B. Akins, History of Halifax City (Collections of the Nova Scotia Historical Society, VIII), 1895, pp. 225, ff.:

Major Leonard Lockman . . . was a German doctor . . . He came out with the settlers in 1749 . . . He died at Halifax, and was buried under the little old Dutch church, in Brunswick Street, where his escutcheon and monument with armorial hearings are still to be seen. The Street between Brunswick Street and the water, which was laid out between the German lots, was named Lockman Street in compliment to the Major, who was for many years a leading man in Dutchtown”.

Der is nou noch in plak „Dutch Village” en in „Dutch Village Road” yn it west fan Halifax. Forl. ek Bourinot (5), p. 133, f. Sir John G. Bourinot, Builders of Nova Scotia (Transactions of the Royal Society of Canada, 1899), Toronto, 1900, p. 48. It is sünder mear net düdlik, oft Bourinot mei ~couverts’ ’ bidoelt: „bikearlingen ta de Anglikaenske Tsjerke”, al soe men it üt it neamen fan St. Paul’s al hast opmeitsje.

6 Bourinot, pp. 2-15. 7 Bourinot, p. 17.

8 Royal Society of Canada, Proceedings, 1911, 11, p. 103. 9 Guon listen fan de earste ymmigranten binne publisearre yn: Akins, Selections (3), en id., Hist. of Halifax City (4).