(dêr t de registers fan doop, houlik, ensafh., doe oanhalden waerden), yn novimber 1751 foar: „Fruche Bruin, dau(ghter) of Bruin <5- Fruche (sic) Rumkes”.

De nammen Brun en Romkes yn de opjowne foarmen le ver je tinkt my gjin swierrichheden op. De farianten fan Romkes mei ti (= tj?) en de frouljusnamme Eljen bringe my alde Grinzer doop- en trouboeken yn ’t sin, mar ik kin hjir neat neisjen. „Fruche” foar mem en dochter bin ik sa ek mei oan.38 Dat Brün Romkes, sa’t üs in kear of hwat fornijd wurdt, gewoanwei Brown neamd waerd, mei in foringelsking fan syn foarnamme dus, kin forklearre wurde üt de omstannichheit, dat hy yn Chester 39 mank in Ingelske bifolking libbe, dy t dy namme maklik as aequivalint mei de Ingelske efternamme Brown opfetsje koe.

Dr. Bell hat yn syn folsleine samling fotografyske kopyen fan „passenger lists en „indebtedness lists” fan de emigranteskippen mei „Foreign Protestants” yn totael 26 nammen foun fan emigranten üt Fryslan, Grins(lanP), Eastfryslan en guon Nederlanske stêdden. Hy hat sa freonlik west, in list fan dy nammen op to meitsjen en my dy to stjüren, mei tastimming fan publikaesje. Ik lit dy list, dêr’t Brün Romkes syn namme ek op stiet, efteroan yn syn gehiel folgje.4o De fraechtekens tsjutte oan, dat de stavering neffens Dr. Bell ündüdlik is.

Yn it foargeande haw ik in f rij wol folslein forslach jown fan hwat ik oant nou ta oer Brun Romkes „Comingo” oan ’e weet kaem bin. It is noch net folie, mar it liket my dochs ynteressant genöch ta om üt to heljen dat der fierder wurk fan makke wurdt, oan beide kanten fan de Oseaen. It wichtichste part dêrfan sil yn Nova Scotia dien wurde moatte, en it is to hoopjen, dat Dr. Bell mei gauwens syn skiedniswurk printré krijt, dat grif in bettere basis foar de fierdere stüdzje jaen sil as de histoaryske publikaesjes dy’t oant nou ta foarhannen binne.

Oan ’e oare kant, hwat Brün Romkes syn komöf, tsjerklike eftergroun en skoalling oangiet, soe it in moai ding wêze, as den üt de archiven to Ljouwert of Grins hwat nijs opdold wurde koe. len nijsgjirrich punt, dat ek noch alhiel net opheldere is, is de namme „Comingo”.41 In argumint e silentio foar de ünderstelling dy’t ik yn ’e titel fan dit opstel oanjown haw, leit yn de omstannichheit dat de namme „Comingo net earder yn ’e stikken foarkomt as yn ’e tiid dat er yn Chester tahaldt.

Nim oan, dat Brün Romkes yndied „Camminga” as „fan” hie, dan hie er dat ünmüglik seis op ’e „indebtedness list” as „Comingo”