of famylj epapieren of persoanen to Lunenburg (Brün Romkes syn soan bygelyks) rieplachte?

Ik stelde dizze fragen yn in brief oan de archivaris fan Nova Scotia

to Halifax, Dr. Harvey, en ik hie al wer gelok. De autoriteit op it stik fan de fêstiging fan de „foreign Protestants” yn Nova Scotia, Dr. Winthrop Bell fan Chester, N.S., hie krekt op it Archyf west, doe’t myn brief oankaem, skreau Dr. Harvey, en dy hie doe op him naem myn fragen to bianderjen.

In dei of hwat letter krige ik yndied wiidweidich biskie fan Dr. Bell. It die bliken, dat dizze historicus dwaende is mei it skriuwen fan in skiedniswurk oer de „foreign Protestant” ymmigraesje yn Nova Scotia yn ’e 18de ieu en in smite dokumentaire gegevens samle hat, dy’t noch nea publisearre wiene. Dat materiael omfettet ü.m.: de „passenger lists” („ship’s manifests”) fan de ünderskate emigranteskippen, opmakke fan Hollanske klerken to Rotterdam foar de Board of Trade yn Ingelan;

de „indebtedness lists”, dy’t de hantekeningen bifetsje fan de emigranten dy’t as „government redemptioners” 37 de han sette moasten foar it bidrach dat hja foar har passaezje skuldich wiene; de „victualling lists”, opmakke yn Nova Scotia fan Ingelske klerken; „allotment lists”, „voting lists , en oare listen, opmakke to Lunenburg en oare settlements, fan kolonisten dy’t mei de pinne omgean koene (Dütskers of Switsers ornaris).

It Halifax-dokumint fan 1770 hie Dr. Bell lykwols allinne troch oare skriuwers kunde oan 36, dat doe koe ik fan myn kant him in stel fan myn reproduksjes stjüre, dêr’t er tige wiis mei wie. It kommentaer fan Dr. Bell op de fragen yn myn brief jowt gans mear ljocht oer de saek, al bliuwe der noch wol tsjustere punten oer. Hjir folget mei syn freonlike tastimming in gearfetting fan ien en oar:

1. Des Brisay hat syn materiael samle yn ’e 60er jierren fan de foarige ieu, dat hy hie grif ek noch mounlinge ynljochtings ta syn foldwaen. Syn opjefte fan Ljouwert, oktober 1723, as Brün Romkes syn berteplak en -datum kin er op dj? wize oankaem wêze. Dat er „Groningen” neamt, is to forklearjen üt it feit, dat Brün Romkes dat plak seis opjown hat by syn emigraesje. „The man who was ordained as Bruin Romcas Comingo was listed in the passenger list of the „Speedwett” „Bruin Romkies (sic), age 27, from Groenigue, Woolcomber, self, one adult female, 3 children between ages of 4 and 14, and 1 undef 4 years of age”.

2. Yn e 2de utjefte fan Des Brisay wurdt it jiertal 1752 foar Brün Romkes syn tiid fan oankomst yn Nova Scotia net neamd; der stiet