Heidelberg, through Rev. Mr. Temme, Lutheran minister” (to Lunenburg). 31 De forhalding tusken de beide Dütske gemeenten, de Calvinistyske en de Lutherske, wie blykber wol yn oarder.

Nei fierder de opkomst en üntjowing fan de oare tsj erken yn Lunenburg biskreaun to hawwen, giet Des Brisay oer ta de skiednis fan de oare settlements yn ’e omkriten fan Lunenburg, en sa komt er ek op Chester 32, noard fan Lunenburg en allyksa oan Mahone Bay, mar hwat tichter by Halifax. De koloanje fan Chester datearret neffens de skriuwer fan 1759, dus in jier of hwat nei de komst fan de „Foreign Protestants”. Dizze settlers hawwe lykwols sahwat allegearre Ingelske nammen-de measten komme fan New England33 – marien fan ’e twa of trije ütsünderingen is: Bruin Romcas Comingo. Mei’t Brün Romkes yn alle gefallen yn it tiidrek 1850-’52 yn Nova Scotia oankaem wêze moat (neffens Des Brisay yn ’52), komt hjir de frage op ’e lappen, hwer’t er fan dy tiid oant 1759 tahalden hat.

De Rev. John Seccombe wie hjir yn Chester de earste Presbyterian (Congregational) minister 34, en dat makket fansels düdlik, hoe’t it kaem, dat dizze figuer de haedrol spile by Brün Romkes syn ordinaesje. De relaesje tusken de twa mannen is der troch de jierren ek net minder op wurden: Des Brisay fortelt 35, dat yn it jier 1792 de Rev. John Seccombe to Chester forstoar, 84 jier ald, en dat doe „Rev. John (sic) Comingo Brown (whose ordination sermon was, as has been previously noticed, preached by Mr. Seccombe), preached the funeral sermon, and took jor his text Hebrews Vl\ 11,12. ”

De fynsten, dy’t ik oant safier dien hie, hiene inkelde fragen opsmiten, dêr’t ik mei it materiael dat ik oan Queen’s by de han hie gjin andert op wist:

(foarst) hwer hie Des Brisay foun, dat Brün Romkes berne wie to Ljouwert, oktober 1723, en hoe kaem hy derby, Grinslan dêr by to heljen?

(twad) hwer hie hy de opjefte foun, dat Brün Romkes yn Nova Scotia kaem wie yn 1752?

(tred) hwer hie er de list fan pioniers to Chester yn 1759 en dêrnei, dêr’t Brün Romkes syn namme yn foarkomt, wei?

(fjird) soene der mear bisünderheden to finen wêze (en sa al, hwerre) oer Brün Romkes syn libbensomstannichheden yn ’e jierren fan 1752 oant ’59, en

(fyft) oer syn heale ieu amtswurk to Lunenburg?

Hwant Des Brisay, dat de boarne fan ’e lettere skriuwers liket to wêzen, jowt sahwat nearne in referinsje. Hie er miskien tsjerkeboeken