amtlik skriuwen üt 1756 oan Gouverneur Lawrence hjit it: „As to the Settlement of Germans at Lunenburg ... the Province had better be without the Settlement unless an equal number at least of settlers, whose fidelity to his Ma-jesty’s Government may be d.epended on, can be soon introduced among them\ otherwise the more that Settlement increases the more dangerous and burthensome it will grow to the province: and this instance seems to shew the risque of making entire settlements of Foreigners of any kind in so new a Government as Nova Scotia, without a due mixture of natural bom subjects among them”.2S

Om 1760 likernöch hawwe de Lunenburgers it slimste set hawn. s:n in brief oan sibben yn Dütsklan skriuwt ien, dat hja oars nearne forlet fan hawwe as fan in Evangelysk Lutherske foargonger.26 De Anglikaenske geastlike, dy’t yn 1753 mei de kolonisten ot Merleguesh oankaem wie, en de tsjerke fan St. John stifte hat, dêr’t er stien hat oant syn dea yn 1770, wie Jeah Baptiste Moreau, in Franskman, foarhinne Roomsk preester en prior fan in kleaster to Brest, dy’t nei de Church of England oergien wie. Hv hie Ingelsken, Dütskers en Fransken ünder syn gemeenteleden, en foar de öfskieding njonken Anglikanen: Presbyterianen, Lutheranen, Calvinisten en Anabaptisten. Hy bitsjinne syn gemeente yn trije talen, Ingelsk, Fransk en Dütsk, en wurke ek noch as missionaris ünder de Yndianen. Gjin wünder dat er bystien wurde moast fan in helppreker.27

Oer de gong fan saken by de Presbyterianen, dy’t bihearden ta de „Dutch Reformed Church”, en dy’t yn 1769 in eigen tsjerke boud hiene, „by subscription”, jowt Des Brisay yn haedsaek wer hwat meidield wurdt yn it ordinaesje-bislüt fan 1770, lykwols hjir en dêr mei mear bisünderheden. Sa wurde wv gewaer, dat by de ordinaesje fan Brün Romkes in preek halden waerd fan de earste ündertekener fan it stik, de Rev. John Seccombe, M. A., fan Chester, oer Joh. XXI: 15, 16.28 De Earwearde sil grif de analogy tusken Brün Romkes en Petrus, dy’t beide fan fisker evangeeljepreker waerden, yn geuren en kleuren ütwurke hawwe.

Fierder fornijt Des Brisay, dat „Mr. Bruin Romcas Comingo (commonly catted Brown) „was bom at Leuwarden in the Province of Groningen (sic), in Holland, October 1723, and came to Nova Scotia in 1752.29 His name is included in the original list of settlers at Chester”.30 „Mr. Brown lived in Lunenburg as pastor for about half a century, and died in 1820, aged ninety-six years, after a life of faithful service to his Master, having largely aided the advancement of religion, and being universally respected and beioved. His son resides at Lunenburg. Mr. Brown was succeeded by Rev. Adam Moshelle, who was sent for from