Doe wie de frage oan ’e oarder, oft de printe boarnen fierder noch bisünderheden opsmite dy’t fan bilang binne.

Bourinot, dy’t de skiednis fan de ünderskate tsjerken yn Nova Scotia foar 1800 yn ’t koart neigiet, skriuwt yn it haedstik „Presbyterians” oer de Herfoarme gemeente to Lunenburg: „As early as 1769 there was built in Lunenburg a German Presbyterian or „Dutch Calvinistic” church. lts minister in 1770 was the Reverend Bruin Romas (sic) Comingo, a native of Holland, who was the first Presbyterian ordained in Nova Scotia” 20 Hwat yn dizze meidieling it meast opfalt, is wer de twivelriedigens oer de namme fan de gemeente. „Dutch Calvinistic” liket in gongbere oantsjutting to wêzen, dy’t de skriuwer oanhellet, wylst German en Presbyterian in omskriuwing lykje to wêzen, dy’t er (mei rjocht) it gaedlikst achtet om it karakter fan de gemeente oan to jaen. Hwant Bourinot jowt op in oar plak dudlik oan, hwer’t de measte „Foreign Protestants” fan Lunenburg neffens syn ynljochtings weikaem wiene: „Many of the settlers came from Lüneberg” (d.i. Lüneburg oan de Ilmenau, Hannover, en dêr waerd de nije koloanje ek nei neamd), „others from Switzerland, and not a few from Montbéliard, in the department of Doubs, between the Rhine and Rhöne” (better: Saöne).21

Bourinot neamt as syn haedboarne foar it Lunenburger materiael Des Brisay 22, en dêrmei binne wy dan by it aldste en wiidweidichste printe relaes oer de Lunenburger kolonisten bilanne.

Wy sille hjir net de hiele skiednis fan Lunenburg yn ’e 18de ieu oeral helje, mar allinne guon feiten oanhelje dy’t jin in hwat klearder byld jowe fan Brün Romkes en syn gemeente har omstannichheden. Fierwei de measte emigranten, dy’t fan 1750 oant ’52 üt Rotterdam wei de oséaen oerstieken, koene de reis seis net bitelje, en moasten nei oankomst to Halifax earst in skoft forplichte arbeidzje om de skulden oan it gouvernemint wer lyk to meitsjen. Mar as hja har dan earne ta wenjen setten, krigen hja elts har „lot” groun (troch lotsjen) tawiisd, en waerden hja fierder in skoft fan hegerhan fan ark en materiael en wapens foarsjoen. Earst wennen hja meiinoar yn in kamp, en dan waerden blokhutten boud, en de „lots” óffredige en yn kultuer brocht. Yn ’e earste jierren wie der hieltiten strideraesje mei de Yndianen (Micmacs), dy’t ornaris oan ’e Franske kant stiene.23 „In truly primitive style all lived happily together. They were poor, honest, true-hearted, God-fearing, self-reliant, industrious people, and worthily represented the nations from which they emigraled” 2i It gong ek wol ris minder fredich om en ta fansels. Yn ’e earste winter nei oankomst to Merleguesh (de oarspronklike namme fan Lunenburg) wie der in „riot”. En yn in