Lunenburg . . . followed the Presbyterian system, the sixty families who organized the congregation being of the Dutch Reformed Church 14, and Calvinists”. Itselde jiers waerd it tsjerkje boud, op it sté fan de lettere St. Andrew’s Presbyterian Church. Der hie al in öffurdige fan de gemeente nei Dütsklan west om in foargonger to sykjen, mar dat wie neat wurden. En sadwaende waerd dan yn 1770 op in bisündere „presbytery meeting” to Halifax as de eerste Reformearre dümny to Lunenburg yn it amt steld „one of their own number”, „the Rev. Bruin Romcas Comingo”.15

Oan de namme to sjen moast dizze man wol hast in Fries wêze, en dat kaem ek al sa üt. In eintsje fierder hat MacKinnon it der oer, dat de Congregationalisten en de Presbyterianen yn Nova Scotia altiten tichte byinoar stien hawwe, en dat it regear sadwaende ek gjin ünderskie tusken har makke. „The church buildings of either denomination were termed Presbyterian. But the most impressive evidence of their close association is found ... in their union in a Presbytery meeting”. „The most notable event confirming the close connection between these two bodies was the action of Rev. Mr. Lyon and Rev. Mr. Murdoch, Presbyterian ministers, and Rev. Mr. Seccombe and Rev. Mr. Phelps, Congregational, in ordaining the Rev. Bruin Romcas Comingo (bom in 1723 at Leewarden, Holland) to the ministry of the Reformed Church at Lunenburg,16 In this action they constituted the first Presbytery meeting ever held in Canada. Mr. Comingo, a fisherman and one of the original grantees at Chester, had had no regular training for the ministry, but was a man of character and well-versed in Scripture. The Calvinists at Lunenburg, who were determined to have a pastor of their own and could not get one from their homeland, pled urgently for his ordination. The meeting was regularly constituted at Halifax. Lord William Campbell, the governor, and members of the Council and of the Church of England were present”.17

Dit nijsgjirrich forhael fitere my fansels oan om fierder to sneupen, en sa üntdiek ik yn ’e dokuminte-ófdieling fan Queen’s University Library in fotografyske reproduksje fan in hanskrift, bifetsjende it authentike ordinaesje-bislut fan de boppeneamde bisündere yntertsjerklike gearkomste, halden de 3de july 1770 yn Mather’s Church 18 to Halifax.

Mei’t ik oan ’e Library de soarch hie foar de fotografyske reproduksje fan hanskriften, frege en krige ik permisje fan de University Librarian, Mr. H. Pearson Gundy, M.A., om in pear kopijen to meitsjen.19 en stel is letter nei Nova Scotia gien, hwant it die bliken, dat it origineel dêr net mear bikend wie, hoewol’t eardere skriuwers it ünder eagen hawn hawwe moatte.