Mar hwer wei? En wiene it Futheranen of Calvinisten? Of fan beiden?

Nova Scotia, of „Acadia” sa’t it earst hiet, wie fan aids in Franske koloanje, in part fan „le Canada ou Nouvelle France”. De Ingelsken hiene der lykwols ek al lang it each op hawn, en der ek sa nou en dan kolonisten hinne stjürd. De Fransken fan har kant steurden har net bot oan har koloanje, en by de frede fan Utert yn 1713 wurdt Acadia (de tsjinwurdige provinsjes Nova Scotia en New Brunswick, mei in stik fan Quebec) oan Ingelan öfstien; yn 1763, by de frede fan Parys, is dat noch ris bifêstige. Frankryk hie sadwaende syn eigen kolonisten yn 'e steek litten, en dêrmei de kans op in Fransk Noard-Amearika slüpe litten.

De om ende by tsientuzen Franske kolonisten yn Nova Scotia lykwols, al fielden hja har ek forret en forkoft fan har kening, wegeren trou to swarren oan Ingelan, en de ein fan it liet wie, dat de Ingelsken har fan har wensteden forjagen en mei gewelt it lan üt setten, foarsafier’t hja net üt harsels de wyk naem hiene of de bosken yn flechte wiene. Dat wie yn 1755. Longfellow hat de trageedzje forivige yn syn „Evangeline”.

Ingelan pakte de ymmigraesje en kolonisaesje fan Nova Scotia fuort fiks oan, en de stifting fan Halifax yn 1749, noch midden yn ’e reboelje, bitsjut it bigjin fan it nije tiidrek.6

De earste biwenners fan Halifax en omkriten binne meast aldsoldaten en -sélju. Mei’t der al gau forlet is fan mear folk, binammen fan boeren en hantwurkslju 7, docht de Board of Trade war om ek (Protestantske) ymmigranten fan it Europeeske kontinint oan to heljen. Yn 1750 wurdt to Rotterdam en yn guon plakken yn Dütsklan in oprop dêrta publisearre fan in John Dick, keapman to Rotterdam, as agint foar de Board of Trade 8, en dat hat blykber fortuten dien. Ytlike skippen mei „Foreign Protestants” komme to Halifax foar de wal.9

„Next to the arrival of New Englanders (inkelde jierren letter) at Halifax the most important addition made at this time to the permanent population of Nova Scotia was the coming of the Foreign Protestants from the continent of Enrope. Fora hrief space, not quite two years, Nova Scotia received a portion of the stream of German emigration that flowed steadily to America throughout the eighteenth century. None came to Nova Scotia bef ore 1750 and none came af ter 1752”.10

MacKinnon jowt in kreas oersjoch oer de resultaten fan dizze ymmigraesje, binammen ek op tsjerklik terrein, en dêrom lit ik noch