2U. Bjuin Ylam&e<i (Qamtnlng,a?), 1723-1820.

Opdroegen oan Ds. P. P. Miedema,

Powassan, Ont., Canada.

Men mei it wol pür sneupersgelok neame, dat in Fryske ymmigrant yn de bibliotheek fan Queen’s University to Kingston, Ont., op it spoar komme moast fan in man dy’t ien fan de alderearste ymmigranten üt Wester- en Easterlauwersk Fryslan yn Canada west hat, dat is to sizzen yn de aldste Ingelske provinsje fan it tsjinwurdige Canada, Nova Scotia, yn in tiid doe’t Ontario noch foar wyld lei. Fan in man ek noch wol, dy’t yn ’e tsjerkeskiednis fan Canada it bysündere plak hat fan de earste dümny to wezen dy’t yn it nije lan yn it amt bifêstige waerd, al wie it dan ek „op artikel acht”, en dy’t fyftich jier lang yn syn earste en léste gemeente, Lunenburg, Nova Scotia, stien hat, fan 1770 oant syn dea yn 1820, en sadwaende grif syn merk op it geastlik libben yn de nije koloanje set hat.

De oanlieding ta de fynst wie ek w7ol nijsgjirrich. Professor Dr. Hilda Laird, haed fan de ófdieling Dutske tael en literatuer fan Queen’s, fortelde my op in kear, dat yn Halifax, N.S., in ald tsjerkje wie, dat bikend stie as „the old Dutch church”. Hja ornearre, dat „Dutch” soe wol „Dütsk” bitsjutte, krekt as yn it gefal fan de „Pennsylvania Dutch” 1 yn ’e States, en hja frege my, oft ik üt ’e tsjerkeskiednis ek wist oft dy alde koloniste-tsjerke oarspronklik Calvinistysk of Luthersk west hie. Ik sei, dat ik der neat fan öf wist, mar dat ik it wol ris neisjen soe.

It die al gau bliken, dat de wurden „Dutch” en „German” yn it gefal fan dizze alde tsjerke trochinoar brükt waerden. In resinte toeriste-gids2 seit bygelyks: „The quaint old Dutch Church at 365 Brunswick Street was erected in 1756, and surrounding it is a cemetery in which are huried the early German settlers”. En de dübelde bineaming is wol tige dudlik by in pear aldere historici: Akins hat it de iene kear oer „the old German Church” 3, en de oare kear oer „the little old Dutch Church” 4; en Bourinot 5 seit mei safolle wurden: „Old St. George’s . . . on Brunswick Street... is now always called „the little Dutch Church”, because it was built for German couverts soon after the completion of St. Paul’s” (dealde Anglikaenske tsjerke to Halifax, boud yn 1750).

Dat dy alde kolonisten gjin (alteast net allegearre of meast) „Dutchmen” yn ’e moderne sin fan it wurd west hawwe, is dus wol dudlik. Mar hokfoar slach „Dütskers” wiene hja dan? Oan in pear jiertallen hjirfoar neamd nei to gean wiene hja oerkaem om 1750 hinne.