maar hy buitengewoon hooge Vloeden, voor enkele huisgezinnen met hunne have tot lyfsherginge konden dienen, gelykze dan ook om die reden, hier en daar hy sommige Boerewoningen, die oudtyds van meer dan gemeen aanzien waren, en waarschynlyk door de ryken onder de Friezen bewoond werden, opgeworpen, en nog hedendaags voor handen zyn”.

Nou is de skriuwer fan dizze oanhelling der efkes neist, as hij weerden en wieren oer ien kaem hellet, mar dochs binne syn meidielingen it oertinken wol wurdich. Allinnich, men soe witte wolle oft de skriuwer hjir tobek grypt op oerleveringen, dy’t yn syn tiid jit omgyngen, of wol oft er seis oan it forklearjen gien is.

Alle wieren binne nammentlik net gelyk, en hawwe ek net altyd deselde bistimming hawn. Yn safier kin men mei de Tegenwoordige Staat ynstimme dat de wieren oer it algemien lytsere terpen wienen, mei it wêze dat inkelden dêrfan mei de tiid de kearn fan doarpen waerden, lyk as de nammen Poppingawier, Offingawier en Allingawier ütwize. Dizze wieren binne dêrbij biskaet ta de lege greidestreken fan Westerlauwersk Fryslan, tusken de aldste klaeigebieten en de feangebieten, dêr’t de échte terpen sasear net to finen binne.

Oars is it lykwols mei de saneamde hege wieren, steile hichten, dy’t ek yn de eigenlike terpegebieten foarkomme, en it is hjirop, dat de meidielingen fan de Tegenwoordige Staat winliken bitrekking hawwe.

Lyk as de skriuwer fan niisneamd wurk mient, wurdt ornaris oannommen, dat ek de ~hege wieren” tsjinnen ta liifsbihald, as it wetter opsetten kaem.10 Hjir wurdt yntusken bij oer de holle sjoen, dat forskate fan dy wieren net allinnich fuort bij de sédiken opsmiten wienen, mar seis op de flanken fan mannige terp! Ut aldheitkundige ündersikingen hat it boppedat bliken dien, dat de „hege wieren” net alder binne as de llte, 12de ieu en op harren krün trochstrings de spoaren bifetsje fan in stiennen bousel.11 Yn alde biskriuwingen wurde dy „hege wieren” ek wol „berg” neamd, hwat, togearre mei it al fan de Tegenwoordige Staat opmurken feit dat de „hege wieren” altyd gearhingje mei „wooningen, die oudtyds van meer dan gemeen aanzien waren”, yn in hiel oare rjochting wiist.

Andreas Cornelius hat dy rjochting al oanjown 12:

„Anno 1274 was Friesland vol geweldige Stinzen, die ze op hoge plaatzen gezet hadden, want zy zedert den Jare 1264 van zulks niet op en hielden om te houwen, overmits de Huislieden te dier tyd zeer ryk, geweldig, en overvloedig van goederen waren, waaruit met ’er tyd twist, vyandschap, en partyschap rees, want eik woude de meeste wezen”.

Inkelde tekeningen, yn de 40-er jierren fan de 18de ieu troch Jacobus Stellingwerf yn Fryslan makke en biwarre yn it Frysk Museum, litte