Urterp en Wynjeterp wize lykwols üt, dat it forskil tusken „terp” en „doarp” yn it Frysk net altyd sa skerp west hat as sünt de léste fiif ieuwen.

Oarsom binne yn West-Fryslan sawol as yn Grinslan en yn East-Fryslan in hiele rige fan terpnammen to finen, dy’t net op -terp, mar op -dorp ütgeane. Inkelde dêrfan binne yn oar opsicht fierder folslein gelyk oan op -terp ütgeande plaknammen yn Westerlauwersk Fryslan. Tige nijsgjirrich mei it hjitte, dat lang net alle op -terp of -dorp ütgeande terpnammen teffens ek doarpen binne! Yn Westerlauwersk Fryslan soe dat jit sa frjemd net hoege to wêzen, omdat dêr it wurd „terp” yn de midsieuwen al in bisündere bitsjutting krige hie. Mar yn de oare terpegebieten mear! Avendorp en Tjaarddorp yn West-Fryslan meije op in terp lizze, hja hawwe likemin ea in doarp ütmakke as Laesterp yn Hinnaerderadiel, marde nammegenoat fan Laesterp yn Fivelgo, Losdorp, wer al! En sa soenen der noch wol mear foarbylden gear to bringen wêze, de hiele kuststripe lans, oan de Eider ta.7 Men mei it der dêrom foar halde, dat de op -terp sawol as -dorp ütgeande plaknammen alder binne as it tiidrek, dat it al of net bisitten fan in tsjerke ütmakke, hokker terpmienskip him in doarp, en hokker him in gehucht of buorren neame mocht.

In oare, folie machtiger groep fan terpnammen is lykwols gearstald mei in wurd, dat wol foargoed hwat üt to stean hat mei de ierdrykskundige eigenskippen fan it sté, dêr't de mienskip him üntwikkele. Dat binne de nammen, utgeande op -werd, -ward of -warden, dy’t bij hünderten bij de Noardsé lans, fan West-Fryslan oant Dithmarschen, to finen binne. It wurd „werd”, „wierd” of „wurt” mei yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk net mear bikend wêze, yn de Fryskkleure Nedersaksyske dialekten oer de Lauwers nimt it it plak yn fan üs wurd „terp”. It is grif alder as „terp” yn dizze bitsjutting en dat it eartiids ek tusken Flie en Lauwers yn swang wie, docht net allinnich üt gans in rige terpnammen bliken, mar teffens üt de aldste skreaune boarnen, dy’t ütslütsel oer it midsieuske Fryslan jowe: de kleasterlisten fan Fulda,Werden en Corvey.8

In tredde groep terpnammen, gearstald mei in wurd dat op it aerd fan it wenplak wiist, is dy, ütgeande op -wier. De skriuwer fan de Tegenwoordige Staat hat der al op wiisd, dat terpen en wieren net itselde binne 9:

. . bestaande het onderscheid tusschen beiden inzonderheid daarin, dat de Terpen veel platter van gedaante en grooter van omtrek zyn, zodat er geheele Steden, Dorpen en buurten op gebouwd hebben konnen worden-, terwijl de Weerden of Wieren, klein van omtrek, doch vry hoog zyude, alleen