en paden, seis binnen de ringwei, net ienris bifluorre. Yn Grinslan is oars ek de terp fan Biezum bij Appingedam in treflik foarbyld, mar biwesten de Lauwers moat men yn de measte gefallen al op de aldste minütkaerten fan it kadaster weromfalle om mei wissichheit ütmeitsje to kinnen hoe’t de oarspronklike gesteldheit wol west hat; mei it wêze dat doarpsterpen as dy fan Hallum yn it forrin fan de strjitsjes jit wol it ien en oar fan dealde yndieling trochskimerje litte.

Nou leit it der mei in biskate groep greate terpen hwat oars hinne, omdat dy bij aids merkplakken west hawwe en dêr dus oare easken oan de bibouwing steld wurde moasten. Men mist der ornaris dan ek de ringwei, bij de terpfoet lans. Oan de oare kant koe it tokoart oan bougroun der taliede, dat hja oergyngen ta it opheegjen fan de stripe groun, oan de oare kant fan it wetter, dat de skipfeart en it merkfortier oanbrocht. Dokkum en Ljouwert binne dêr foarbylden fan, lyk as ek Boalsert.5 It koe ek barre, dat der twillingterpen üntstienen, lyk as Winsum-Obergum yn Hunsego, dat yn de llte ieu ünderweis wie in stêd to wurden, mar yn it skaed fan Grins kaem to lizzen. In oar foarbyld is Wirdum yn Fivelgo, dat ek al stykjen bleau yn syn üntwikkeling, yn dit gefal omdat de skipfeartwegen har forleinen, ear’t dit doarp ta folie waechsdom kommen wie.

In tredde müglikheit wie it ütbouwen fan in terp yn ien biskate rjochting, dat dy in langwerpige foarm krige. Dit barde bij it ütwaechsen fan Almenum ta de stêd Harns, to Frjentsjer en nei alle gedachten ek to Holwert, dêr’t de eardere bitsjutting yn de Willibrordleginden fan it 16de-ieuske Fryslan jit fan neiklinkt. Mar dan steane wij al mei ien foet yn in nij tiidrek, hwerbij it oanlizzen fan diken en silen Fryslan in hiel oar antlit jaen sil en der ek wer nije midspunten, lyk as Starum, Warkum, Drylts en Snits, opkomme.

Nou hawwe wij jit allinnich de skiednisboarnen en de ütkomsten fan it aldheitkundich ündersiik sprekke litten om düdlik to meitsjen hoe’t de terpen, yn al har forskaet, üntstienen. Men soe der lykwols ek de taelkunde yn bihelje kinne en neigean, yn hoefier de nammen, jown oan de wenhichten by de südlike kusten fan de Noardsé lans, hwat oer harren üntstean sizze.

Nou fait it wurd „terp” al daliks óf. De skriuwer fan de Tegenwoordige Staat van Friesland hat it bij de rjochte ein hawn doe’t hij forban ünderstelde tusken „terp” en „doarp”.6 It wurd „terp” is bipaeld ta Westerlauwersk Fryslan en komt, as neutrum, it earst foar yn let-midsieuske boarnen. It bitsjut dan gjin „doarp”, mar jowt itselde bigryp wer as it hjoeddeiske wurd, mei it yn nij-Frysk dan ek gjin neutrum mear wêze. De nammen fan de sandoarpen Olterterp,