hat geate foroaringen meibrocht en hjir nije merkplakken üntstean litten, dêr alde yn forfal brocht. Dêrnjonken hat ek de müglikheit, tonei yn it fjild to wenjen, en net biheind to wêzen ta de terpen, ta üntfolking oanlieding jown.

Hoe üngelyk it opheegjen fan de terpen yn syn wurken gean koe, leart üs wol de tastan yn dy terpegebieten, dêr’t de terpen hwat mear mei rêst litten binne as yn Westerlauwersk Fryslan. Kin men yn Grinslan al terpen fine, jit wol sa geef biwarre as oan de oare kant fan de Lauwers, oer de lems kin men hielendal jins hert ophelje. De Krum Hörn, Jeverlan, Butjadingen, Wursten, Dithmarschen, it binne allegear terpekriten dêr’t men de eagen mar weidzje litte kin oer tafrielen, dy’t wij bij uzes al lang net mear kenne.

Dêr fine wy geweldige terpen, dy’t der bare bulterich hinne lizze, yn safier, dat it midspunt net teffens ek it heechste punt fan de terp ütmakket. Men kriget de yndruk dat binammen it fornijen fan in inkelde hoeve in gaedlik momint achte waerd, om it eigen hiem, en dat op eigen manneboete, in pear foet op to heegjen. Kaem bij de buorman it spul fan boppen, dan soarge dy wol net efter to bliuwen. Mar dat koe uteraerd wol ris in jier of hwat letter wurde.

Mei de drinkwetterdobben wie it al net oars. Ornaris hie eltse terp omtrint yn ’e midden syn greate fiver, dêr’t it salte wetter net yn komme koe. Mar dêrnjonken sjocht men fakentiid ek oare fivers lizzen, dy’t wol ’t bisit west hawwe sille fan de neistwenjenden. Dy dobben tsjinnen oars foar it fé en it spielwurk, wylst de minsken har drinkwetter ophellen üt moai djippe putten, fan seadden, planken of ekenhouten fetten opset. Bij bran wienen hja alhiel op de dobben oanwiisd, en dat is ek de foarnaemste reden dat yn safolle Dütske terpdoarpen dy fivers ek hjoed de dei jitte mei soarch ünderhalden wurde en geregeldwei ütslat.

Alhiel sürider bistek leinen de terpen der nou ek wer net hinne. Mei’t it boerebidriuw it foarnaemste hantwurk fan de terpbiwenners wie, en gans in rige pleatsen op ’e flanken fan de hichte plak fine moast, waerd it sa yndield dat' dy pleatsen, allegearre fan it lang-ütrutsene, ald-Fryske greidboersmodel, yn in ring stienen, de büthüsdoarren nei buten keard. Sa koe elts fuortendaliks mei reau en fé de ringwei op komme, dy’t om de hiele delsetting hinne roun. It is dizze ringwei, dy’t yn de ald-Fryske leginden „axewei” hjit en as „osseweg” jit bij inkelde terpdoarpen yn Fivelgo fuortlibbet.

Op de ringwei kaem de himrikswei üt, dy’t fédrift taliet nei de wide fjilden en hwerlans it hea thüshelle waerd. Bij mannich Dütske terp kin men de midsieuske tastan jit düdlik sjen en binne de measte wegen