troch Haarnagel yn de Imder stêdsterp ynsteld, wiisden yn deselde rjochting.3

Bikend is it forhael, meidield yn de troch Willibald skreaune Vita Bonifatii, dy’t jit yn de Bste ieu opsteld is, dat üs fortelt hoe’t de Friezen yn de dagen fan Bonifatius fan it salte wetter to lijen hienen.4 Woenen hja de tsjerke, dy’t hja nei de dea fan Bonifatius op ’t plak dêr t hij stoarn wie bouwe soene, net oan de weagen priisjaen, dan wie it needsaeklik en set dy op in hichte. In hichte, dy’t mei foriene krêften en under taforsjoch fan de greve Abba opsmiten waerd. De opgravingen, yn 1954 op ’e merk to Dokkum ütfierd, hawwe de Vita Bonifatii yn it lyk steld. Dêrbij is foar elts sichtber makke, hoe’t Dokkums aldste tsjerke, jit üt hout gearstald, de kleasterskoalle en it tsjerkhóf kamen to rêsten op in mear as 4 meter boppe it fjild rikkende, hielendal fan kwelderseadden opsette hichte. In hichte, dy’t lykwols net op harsels stie, mar in noardlike ütwreiding foarme fan de yn 754 al bisteande, eigentlike stedsterp. Nei alle gedachten bea dizze tsjok mei huzen bisette terp hyn ofte nei gjin romte mear foar de nije stifting, dy’t gans terrein ferge.

De kearn fan de Dokkumer terp is dan ek folslein oars gearstald as de ütwreiding, yn 1954 ündersocht. Fynt men yn de kearn fan de stêd in bunte opienfolging fan houtresten, dong, mokselskulpen, diggelguod, jiske en oar öfeart, mei klaei en seadden trochinoar mjukse, folslein oars is it byld bij de noardlike ütwreiding, dêr’t de seadden har oan ien tried wei sünder ünderbrekking opsteapelje, fan under oant boppe ta – gjin diggeltsje sküle der yn.

Nijsgjirrich is oars jitte, dat hja it yn de Bste ieu blykber net needsaeklik achten, it fuotstik fan de nije tsjerke heger op to bringen as likernöch 4 m. boppe N.A.P., wylst it heechste punt fan de Dokkumer terp, dat fuort bij de tsjintwurdige Roomske tsjerke foun wurdt, op 6.80 m. boppe N.A.P. leit. In biwiis foar üs al earder ütsprutsen foründerstelling, dat, njonken opsetlike forheging, ek it wenjen sünder mear op ing biheinde plakken, fan ticht opinoar hüzjende mienskippen safolle ieuwen lang, sines bijdroegen hat ta it üntstean fan de reuzen under de terpen.

Sil elts dat ek grif meistimme wolle bij ticht mei opstallen bisette terpen as dy fan Dokkum, Ljouwert, Frjentsjer, Almenum, Boalsert en mannich great terpdoarp, fragen kin men jin stelle bij safolle net minder greate terpen, dy’t der hjoed frijwol forlitten hinne lizze – tink allinnich mar oan Hegebeintum. Men moat dêrbij lykwols bitinke dat wij suver neat witte oangeande de swiertepunten fan liannel en bistjür yn it Fryslan fan foar it jier 1000. Binammen it oanlizzen fan de diken