sjoen it feit dat alle terpen, dy’t hjoed net heger binne as 2 oant 3 meter boppe meanfjild, forlitten rekken. Dizze terpen, dy’t de mearderheit ütmeitsje fan de likernöch 1000 delsettingen, dy’t W esterlauwersk Fryslan destiids telde op ’e klaei, bifetsje dan ek gjin inkeld foarbyld fan it saneamde Anglo-Saksyske ierdewurk.1

It binne de lettere doarps- en stêdsterpen, dy’t de kop der boppe haldden, en dat de striid tsjin it wetter der net om liigde biwiist wol dat de hichte fan dizze terpen ornaris leit tusken de 5 en 7 meter – Hegebeintum is mei 8 meter in ütrinder! -, wylst de allergreatsten tusken de 16 en 24 ha bislaen. Dizze omfieming krigen de terpen lykwols net binnen ien minskeslachte, hwat wol bliken docht üt de waernimming dat bij de léste ophegingen seis bakstienpün brükt waerd! Hwat men jin yntinke kin as men lést hwat hja yn de 12te en 13de ieu jit in lijen hiene mei de sédiken en hoe bifoarrjochte de lju achte waerden, dy’t net yn ’t fjild, mar op de feilige terpen wennen.2

De doarps- en stêdsterpen soenen ek yn üs tiid foldwaende wissichheit oan de biwenners biede, mochten de diken trochbrekke. De heechste floedhichte, to Harns mei de Krystfloed fan 1953 öflêzen, wie 3.95 m. boppe N.A.P.,en sa heech hat it wetter grif nea earder opstoud west oan üs kusten. Men soe dêrom seisde fraech stelle kinne oft üs foarfaers har net mear ynspanning treaste hawwe, as wol nedich wie, of dat de terpen mei forbazende hichte lyk as dy fan Hegebeintum net troch oare oarsaken ta stan kamen. Men moat dêrbij lykwols bitinke dat it de terpbiwenners net allinnich to dwaen wie om liifsbihald, mar ek om boulan, hwerfan de frucht wis bleau, ek al mochten yn de neisimmer hjerstige stoarmen it wetter oer de fjilden jeije.

Dêr komt bij dat it oanlizzen fan tsjerkhöven, meastentiids op ’e frijlizzende krün fan de terp – de pleatsen stienen ornaris yn in ring, de mendoarren nei buten keard – in bisündere opheging meibrocht, wylst it biierdigjen fan safolle minsken, de ieuwen troch, lyk as men fornimme kin oan de djip weisonken „Noarmannepoartsjes” fan de midsieuske tsjerken, ek wer meiholp, it peil to forheegjen. Boppedat hawwe de dong en oar öfeart, dy’t tichte bij hüs lizzen bleaunen, harres bij droegen ta it ütwaechsen fan de terpen, lyk as wij dy, yn mear of minder geve tastan, jit kenne. Dochs meije al dizze oertinkingen üs net yn de waen bringe, dat de terpbiwenners nea mei opset sin nei de lodde griepen, om harren wensté op greater hichte to bringen. Van Giffen hat in greate rige fan terpprofilen biskreaun, dêr’t düdlike lagen fan seadden of klaeispitten yn to sjen wienen. Boppedat binne de gatten weromfoun, fuort bij de foet van de terp – oan de lijlcant – dêr’t de seadden as spitten stutsen wiene. Ek de nijsgjirrige ündersikingen,