wurking fan ’e loft sa egael wurden is. Dêr’t de groun ünder paden en wegen net sa faek omhelle is fynt men noch jiske, bonken, skulpen ensfh., deun ünder it oerflak.
Slatmodder en slyk hjit fan blaumodder. Mar dy wurdt mei de tiid ek griis.
Ik sil nou mar net prate oer drinkwetter, dat fan ’e earste dei óf foar de biwenners nedich wie. Yn ’e terpeliteratuer lést men, ütsein fan de Bonifatiusfontein, der net oer.
Mar dy fontein kaem earst tüzen jier neidat de earste terpbiwenners hjir oankamen en dér hie allinne Dokkum hwat oan.
Seist, april 1957.
T. Huitema.
36 üntltean ftan de teAfien.
Sünt de terpen de oandacht lutsen hawwe fan de wittenskip – Andreas Cornelius wie bij üs witten de earste kronykskriuwer dy’t, yn 1597, oer de alderdom en it doel fan dizze hichten syn miening to kennen joech – hat net de minste twifel bistien oer it kunstmjittich üntstean dêrfan, mei it dan wêze dat de ien mear tocht oan opsmiten fan klaeispitten, de oar earder oan it delsmiten fan ófeart, wylst de tredde beide müglikheden net ütsleat. Earst it stelselmjittich terpündersiik, lyk as dat troch A. E. van Giffen op gong brocht is en hjoed de dei binammen troch W. Haarnagel fierder folmakke, hat hjir ütslütsel jaen kinnen.
It stiet op groun fan dizze ündersikingen wol fêst, dat it wenjen op ünbidike kwelders mar komselden, en bij riten, müglik west hat. Sawol om it bigjin fan us jiertelling hinne as yn it Merovingyske tiidrek – wij litte parallelle forskynsels üt folie eardere ieuwen hjir buten biskóging – hat it in skoft lang droech genöch op 'e kwelders west, dat de minske it oandoarst him dér bliuwend nei wenjen to setten en it féhaldersbridiuw üt to oefenjen. Uteraerd wie it ek ünder de gunstichste omstannichheden, en binammen winterdeis, in dampe boel op ’e klaei, sadat de opstallen – minsken en bisten forkearden ünder ien dak yn huzen, dy’t nei bisibbe wienen oan it ald-Fryske „büthüs” – op syn minst in fuotstik fan kwelderseadden krigen.
Sawol yn de rin fan de 3de ieu as yn de Bste ieu nei Chr. krigen de kwelderbiwenners safolle lést fan it séwetter dat hja wol twongen waerden ta oare mjitregels om hüs en hof to frijwarjen foar oerstreaming. Yn de 4de ieu moat it seis ta in ramptastan kommen wêze,