ófdutsen mei groun of seadden. Dat is sa trochgien, by de aldste terpen wol 1400 jier of langer en by de jongste ek wol sa’n fjouwerhündert jier. Lang neidat de diken it séwetter kearden, bigoun men de dong op it fjild to bringen en noch wer folie letter bigoun men ek ófeart buten de terp to bringen. Sa kamen der terpen dy’t fan hichte fier utinoar rinne. Hja waerden greater en heger, al nei’t der langer en mear minsken en fé op tahaldden. Sa üntstiene dy hege terpen.
De gong fan saken hat dus al hwat oars west as it üs altyd foarhalden is.
Dêrom ha ik sa’n hekel oan dat wurd „opsmiten”, dat Stuvel yn syn boek oer de Deltawurken der al ta brocht de terpen to forgelykjen mei de pyramiden yn Egypte.
Nei it ófgraven fan de terp to Ezinge tinkt men lykwols net sa ütslutend mear oan opsmiten yn ien kear. Nou hat men it mear oer wenlagen, op ünderskate hichte.
De earste wenlaech wie in lege lytse terp, dêr oer hinne kaem in laech, doe’t stoarmfloeden dat needsaeklik makken. Dat is sa almar trochgien. Mar doe’t der diken kamen, wie dat fansels net mear nedich. Sa moat men wol ta it oardiel komme, dat wenlagen ünder 3 a 4 m. boppe N.A.P. sa forklearre wurde kinne.
Mar dat jildt net foar de hegere lagen. Dy kinne oars forklearre wurde. Tinkt men oan de Noarmannen en it maklik yn ’e bran reitsjen fan houten huzen mei strieën tek, dan liket it hielendal net frjemd, dat in terp tydlik unbiwenne wie.
Hwat doe de boppekant fan ’e terp wie tekent him nou óf troch jiske en forgiene bigroeijing, as in wenlaech.
Op sa’n terp kamen letter wer nije biwenners en it heger wurden troch dong en ófeart bigoun op ’en nij.
Ik sjuch hjir in biwiis yn, dat terphichten en stoarmfloeden net folie meiinoar to meitsjen hiene en ik ha de yndruk krige, dat de terphichten hurder tanamen, as de stoarmfloeden needsaeklik makken en in tal terpen noch hiel hwat heger wurden binne doe’t de sé se net mear bineikomme koe.
Nou moat ik it noch efkes ha oer de boppelaech fan de terpen. Op alle terpen bistiet dy boppelaech üt egale, grize klaei. Dy laech is likernöch in meter tsjük. Binnenyn ’e terp is de kleur meastentiids hwat donkerder en hjir en dêr suver blau. Oer dy boppelaech is noch alris fantasearre. Soms lést men, dat dy mei man en macht oanbrocht is. Fan dy fan Ezinge is sein, dat de terp de léste rok oankrige hie.
My liket it ta, dat de boppelaech üntstien is, krekt as alle oare lagen, mar troch it al mar wer omploeg jen, de bigroeijing en de yn-