Ho-e fritme de tekfien üntUien?

Hwat in stomme fraech, sil men sizze. En dan noch wol yn It Beaken!

Eltsenien yn üs lan hat al yn syn skoallejierren leard, dat de terpen: „opgeworpen zijn door mensenhanden”. Der wiene doe noch gjin diken en wylde stoarmen jagen altomets it séwetter oer de fjilden. Men moast wol hichten meitsje, ear’t men jin ta wenjen sette koe. Dat opsmiten („opgeworpen door mensenhanden”) wol elts wol oan. Dêr sit romantyk yn. Hwat in keardels wiene üs foarfaers dochs! Sokke greate bulten meitsje mei bihyplik ark!

Men fynt terpen yn great oantal, forspraet, mar ek yn rigels en tichte byinoar. Hwat mear ik oer it üntstean fan ’e terpen tocht ha, hoe minder ik my deljaen kin mei boppeneamde forklearring.

Hwant hwat is it gefal? Net allinne, dat de terpen faken hiel ticht byinoar lizze, mar ek de hichten fan sa'n rigel rinne fier ütinoar en wol fan 2 ta 8 m. boppe N.A.P.

De measte terpen binne sa om ende by 3m. boppe N.A.P. Men moat wol oannimme, dat dy hichte feilichheit garandearre foar de slimste stoarmfloeden. Mear as fjouwer m. boppe N.A.P. wie wis heech genöch. Hwant hiene allinne de heechste terpen feilich west, dan wiene de measte fan üs foarfaers omkomd.

Om in terp fan fjouwer ta acht meter op to heegjen, moast de ynhald likernöch 8 X sa great wurde.

De terp fan Hegebeintum hat in grounflak fan ryklik 9 ha. Foar in laech dy ’t Im. tsjük wie, soe men likernöch 80.000 m3 groun oanslepe moatten ha.

Hwat soe de minsken biwege kinnen ha, in terp, dy’t al safier boppe de neistlizzende ütstiek noch wer heger to meitsjen?

Doe’t de terp fan Ezinge yn Grinslan ófgroeven wie ünder lieding fan Prof. Van Giffen blykte, dat de earste biwenners harren hus en stal boud hiene op de net ophege kwelder. Dat moat perfoarst gjin simmerwente west ha, hwant hwa minske bout sa’n hus as er forwachtsje moat, dat it de earstkommende winter al wer weispiele sil?

Krektlyk as to Ezinge foun men ek yn rju oare terpen lagen dong ünderyn. Men koe dus doe wen je sünder earst in poarsje groun byinoar to tögjen. Troch it biwenjen waerd de grounslach heger, hwant de dong lieten hja lizze. Dong hie doe noch gjin wearde. Jiske, öfeart, bonken, skulpen, al sok rêdding bruiden hja bütendoar, krekt lyk as men tüzen jier letter noch oeral die. Weake, dridzige plakken waerden