wol oanjown („de noten sa as wy it sjonge”). Yn dat gefal datearret de meldij dêr’t Pasma de wurden op skreau al fan jierren her, fóar ca. 1860: „det lietje, jirren al lind makke (doe de pakkesizzers liets wieren)”.
De üt de holle optekene notaesje fan de sjongwize hat flaters; b.g. stiet it refrein in kwart to heech.
Hjir folgje de
fiif koepletten fan de wurden:
len Knibbeldeuntje.
Pake en ’t boyke dy scill’ ride Oer is nei heit en memke ta. Foar üs moaije nije slide Scill’ wy ’t brune twinter ha!
Tingelinge, tingelinge, tingelinge, ting! Klinkt it belletüch – tingelingeling.
O, hwet scill’ wy threftich ride! O hwet scill’ w’ in wille ha! ’t Bistke draeft sa en wy glide Moai en fluch nei harren ta! Tingelinge, ensfh.
Hwet scille heit en mem den sisze? O, hwet scill’ se nuwer sjean! Laeitsje en tutje, it kin net misse Scill’ se ’t boyke, det lieave bern! Tingelinge, ensfh.
Wy scille boartje, drinke en ite, Doch in dei oer is is koart, Heit en mem wolle üs net slite, Mar ’t wirth kolder wy moatt’ foart Tingelinge, ensfh.
As ’t den jünd is gean wy hinne, Spanne ’t hopke mar wer oan; ’t Brüntje scil wer flitich rinne, ’t klinkt wer froalik en wer skoan: Tingelinge, tingelinge, wer op nij! Tingelinge, tingelinge, ’t is foarbij!
H.
H. P. Fz.