Sinninghe yn „Volkskunde”, jrg. 46 (1944), blz. 326: „De weergave der Vogelgeluiden in Nederland”. Dêr wurde gans farianten fan it rymke yn jown. U.o. ien üt Farmsum (1902):

.Verleden joar dou ik hier weggong, Was dit vak vol, was dat vak vol, En nou is ’t allemoal vertierelierd.”

It feit, dat gjin inkelde Fryske skriuwer it foar 1858 sinjalearre hat en dat Waling Dykstra yn Fr. Wb. gjin oare fynplakken neamt, hoecht dan ek noch gjin biwiis foar De Vries syn stelling to wêzen. Docht it net alle dagen bliken, dat der üs noch dingen üntkommen binne?

Y. POORTINGA.

9n knMMeuntófa fan H. Tlakma 3i&n.

By de taris ta it (Aid) Frysk Lieteboek yn de sawntiger jierren fan de 19e ieu hat in bernefreon war dien, in knibbeldeuntsje opnommen to krijen. It is lykwols mislearre. Yn in skriuwen fan 27 jannewaris 1875 oan J. van Loon Jsn. uteret H. Pasma Fsn. fan it Hearrenfean (Nijehaske) him lyk als folget:

„Lesten wike frege Hepkema (d.i. Jac. Hepkema, ütjower op it Flearrenfean, de J.) my hwet for ien jefte Forjit my net 1873 (Hja binne fier yn ’t efter). In it thredde boek bl. 161 stiet printe

„len knibbeldeuntje fen pake”.

Widzesangen binne er forskate, brulloftlietjes etlike, mar knibbelsankjes kin ik: hut! hut! hinke! och earme —’t is minl; end dochs tocht mij ien deuntje dat de berntjes bigripe end dealden har net hoeve to skamjen wier wol breek oan, derom joeg ik det lietje, jirren al lind makke (doe de pakkesizzers liets wieren) in Forjit my net to pleatsen”...

„Kin je ’t broeke onder ’e lieten of sangen...?” (fan it Aid Frysk Lieteboek, de J.).

Yn in skriuwen d.d. 11e fen Sprokkelmoanne:

„’t Knibbeldeuntje haw ’k de noten sa as wy it sjonge er hoppe set. Alle bern op ’e Jouer en Haskerdiken koenen it gou omdet se ’t begrepen end de iene it de oare fo ar song”.

Oant safier H. Pasma Fsn.

De wurden binne yn ’e trant fan bikende bernesankjes; de meldij is ek gaedlik foar bern. Dy sil wol net fan Pasma wêze, oars hie hy dat

1 Fan dy widzesangen en brulloftslietsjes is üs net folie oerlevere, wylst in tal knibbeldeuntsjes biwarre bleaun is. – De Jong.