ipn Halmen &ytitia’ó „ïPjjaetteiany”.
Yn „It Beaken” fan maeije 1957 wol Tsj. Gs. de Vries der op üt, dat it „sizke” fan ’e swellen, dat se sjonge, as se maeitiids by üs weromkomme, in skepping fan Sytstra seis is. Yn pleats fan it üt de Fryske folksmüle oernommen to hawwen, soe er it makke hawwe oan ’e han fan in tal folksrymkes, sa’t dy yndied yn Dütsklan bistiene en dy’t er üt it „Zeitschrift für deutsche Mythologie und Sittenkunde” koe.
Dit wol üs net oan, om’t it rymke ek yn en om Fryslan bikend is. Waling Dykstra („Uit Frieslands Volksleven” I, 262) skriuwt: „Worden de groote schuurdeuren geopend voor het inrijden van het eerste hooi, dan gebeurt het niet zelden dat er inde ledige ruimte der schuur zwaluwen komen rondfladderen. Bejaarde boeren, die de taal der dieren verstaan, vertellen dan aan de jeugd, dat deze vogeltjes elkander toetjilpen:
Forline jier, do ik hjir wier, / Wier dit fek fol en dat
fek fol, I En nou is alles wer forterd, forterd, forterd. De laatste regel ook aldus:
En nou is ’t alhgearre tireliere liere liere 1..L. leeck.” Ik seis haw it yn 'e tritiger jierren yn Achtkarspelen üt ’e folksmüle optekene, fan ienfaldige boereminsken, dy’t nea fan Harmen Sytstra syn „Swellesang” heard hiene. It hie krekt deselde foarm: „Forline jier,
Doe’t ik hjir wie(r),
Wie dit {ek fol,
En dat fek fol,
En nou is ’t allegearre tiere, liere, leech.”
It liket my net ta, dat it üt Sytstra’s „Swellesang” yn ’e folksmüle oergien is. It soe al nuver wêze, dat allinne it refrein dêr yn Achtkarspelen dan hüsriem wurden wie. Boppedat komt it ek hast yn ’e selde foarm yn ’t Grinslansk foar. Ter Laan jowt yn „Nw. Gron. Woordenboek” ünder „Swaalfke”:
„Vleien joar, dou ’k hier nog was, Was dit vak vol, was dat vak vol; Nou ’k weerkom, nou ’k weerkom, Nou is ’t aal vertierelierelierd.”
Dr. Tj. W. R. de Haan, dy’t der ek fan oertsjüge is dat Sytstra syn sankje üt ’e folksmüle hat, makket üs attint op in artikel fan J. R. W.