En dizze pleatslike merk hat üt soarte tige ófhinklik west fan de woltier fan it lan deromhinne oan de iene, it karakter fan keap- en hannelslju oan de oare kant. Stiene de prizen foar de produkten fan it lan leech, dan wiene ek de winsten leech, en dér hiene dan ek de ütkomsten foar de stedsbifolking wer de skealike gefolgen fan. Marde wize, sa’t dy boargers har plannen opsetten, har fantasij de romte joegen, har kennis ütwreiden, wie net allinnich wichtich foar de takomst fan de stêd, mar ek foar de pracht fan dy stêd as monumint, foar de moed dêr’t dy stêd mei forgreate waerd en foar de utfiering fan de tsjerklike en wraldlike bouwurken, dy’t doe nedich waerden. Dit jildt foar it forline likegoed as foar üs tiid.

It is ek binammen dêrom, dat wy sa wiis wêze meije mei it forskinen fan dit wurkje oer de skiednis fan de stêd Snits, om’t it foar de lêzer ek in hantlieding ta de takomst wêze kin.

H. G. W. van der Wielen.