It mei lykwols spitich hite, dat wy yn de biskriuwing fan Snits hjir fierder neat mear fan fine en likemin eat to hearren krije fan de Gelderske tiid en it forskinen fan de Bourgondiërs. De skriuwers sille wol anderje dat it bistek fan it boekje dat net lije woe. Mar dan hoopje ik dat hja har stüdzje op dit mêd hjirmei net ófsletten hawwe, mar skielk mei in greatere publikaesje komme sille.

It moat jin yn dit boekje ek wol opfalle, dat fan kontakt mei de greate wrald sa’n bytsje bliken docht: it greatere Nederlanske en Europeeske forban komt der suver net yn nei foaren, of it moat dan al wêze yn forbodsbipalingen of forgunningen yn it stedsrjocht, oangeande Hamboarger bieren, Hamboarger tonnen, earne oars Hongaerske winen en sahwathinne. Hjirmei stiet de biskriuwing fan it wapen fan de stêd dan wol folslein yn tsjinstelling, hwant dêr komt doch de hiele romantyk fan de stêd fan ’e wrald yn op it aljemint. „Hoe het ook zij, het was er ons slechts om te doen, dat er voor het Sneeker stadsbestuur wel degelijk aanleiding kan hebben bestaan, een bepaald onderdeel van het Karelsprivilegie in het stadswapen tot uitdrukking te brengen”, sa diele de skriuwers mei.

Oer it algemien wurdt lykwols it byld fan de echte plattelansstêd, mei syn foarspoed en syn tsj instuiten, wol düdlik bifestige troch it materiael, dat yn dit boekje dellein is. Yn tsjinstelling mei plakken as Starum, Hynljippen, Warkum en oare, dy’t troch har lizzing oan ’e sé en dêrmei harren skipfeart, har op machtige „ynternasionale” forbinings yn it forline foarstean litte kinne, wiene stedtsjes as Snits, Boaisert, Frjentsjer, Ljouwert doch wol plakken, dy’t üt plattelansmerken groeid binne. Harren stedsrjocht wie dan ek in öfspegeling fan it hearskjende lanrjocht, oanfolle mei spesiale bipalingen foar de stedsmienskip.

De üntjowing fan Snits üt it alde bistjürsdistrikt Wagenbrugge, dêr’t it as tolen steapelplak it sintrale punt fan wie, is yn dit boekje tige oannimlikoanjown en dit wurdt dan moai oanfolle mei in ütiensetting oer de topografyske üntwikkeling fan de stêd. De miening fan Prof. Dr. H. Brugmans, dat de Fryske stêdden üntstien binne as plakken dêr’t de omwenjenden de merk hiene, en net om kastielen hinne, is dus wol krekt. It merkrjocht is dan ek faken oan it stedsrjocht foarófgien; sa is it Frjentsjerter merkrjocht fan 1402, wylst it buorbrief earst fan 1417 datearret.

Miedema bringt yn syn boekje oer „Sneek en het Sneeker stadsrecht” as syn bitinken nei foaren, dat sokke merken nedich waerden mei’t de kleasters de pachten, dy’t hja in natura üntfongen, lyk as büter, tsiis, wolle en fleis, op gaedlike plakken forkeapje kinne moasten.

Yn myn skiednis „Friesland door de eeuwen heen” haw ik skreaun (s. 291): „In ieder geval waren de omstandigheden waaronder de steden groeiden (Franeker, Bolsward, Sneek, Leeuwarden) wel typisch Fries. Geen grote buitenlandse handel, noch doorvoerhandel, daarom ook geen flink gegroeide koopmansstand verenigd ineen machtig koopliedengilde. Geen graaf, noch andere centrale overheid, die de stedelijke groei bevorderde door aan de poorters, de burgers, machtige privilegies toe te staan om hen als instrument te gebruiken in hun strijd tegen al te machtige hoofdelingen of edellieden. Geen ambachtsgilden die bijna uitsluitend voor buitenlandse export werkten of hun omzet naar binnenlandse markten trachtten te vergroten, maar uitsluitend handwerkers, verenigd in kleine vakverenigingen van timmerlieden, schuitmakers, metselaars, steenhouwers, schippers, kuipers, snijders, wevers, pelzers, schoenmakers, enz., die voor de behoeften van de plaats en voor de locale markt zelve arbeidden”.