dat ek plakken as Warkum, Drylts, Sleat en Starum ris in goede bihanneling yn boekfoarm krije soene. Hwannear’t Dr. R. Kuperus dan, lyk as er dien hat yn syn jierrede 1957 foar it E.T.1.F., praet oer it tokoart oan stêddefoarmjende krêften yn Fryslan hwat ik him net üntstride sil dan kinne wy alteast de gunstige, mar binammen de üngunstige faktoaren oanwize dy’t meiwurke hawwe ta de bloei, mar binammen ek it forfal fan üs Fryske stedtsjes.

Dit fiel ik lykwols ek by dizze histoaryske ütjeften oer Snits en Ljouwert as in tokoart, dat der yn dizze stüdzjes winliken to min omtinken jown is oan de histoaryske üntjowing fan it maetskiplik libben fan de boargerij. It ekonomyske, sosiale en kulturele libben, lyk as him dat troch de ieuwen hinne yn dizze stêdden öfspile hat, wurdt wol ris efkes neamd, mar is by de skriuwers net oanienwei yn omtinken bleaun. It is miskien eat fan üs moderne tiid, dat de technyske kant fan de saken de lju alhiel yn bislach nimt, dat it „oanklaeijen fan de statistiken” safolle omtinken freget, dat hja der net mear oan ta komme en fordjipje harren yn it wêzen, dus yn de üntwikkeling fan de mienskip, hjir: de boargerij fan de stêd.

Hja soene anderje kinne dat dit net de taek is fan de histoarjeskriuwer. Hy hat to dwaen mei oars net as de feiten, hy moat dy, om mei de Dütske historicus Ranke to praten, werjaen „wie es recht eigentlich gewesen war”, dus objektyf; it oare leit mear op de wei fan de sosiolooch, tominsten fan immen dy’t de minsklike forhaldingen biskriuwe wol.

Mei dizze opfetting haw ik it nea net iens wêze kinnen. De skiednis moat üs ek troch syn werjefte fan it hiele libben de boustoffen jaen foar de takomst. Dêrom hiene de haedstikken dêroer yn de biskriuwing fan Snits folie greater weze moatten as it stik fan fyftsjin bledsiden: „Burgerij binnen nieuw gareel”. Hwat ik ek gauris yn sokke biskriuwingen mis, en dat is yn it boekje oer Snits allyksa wer it gefal, is it lizzen fan it forban tusken de Fryske skiednis en de groei fan de stêd. Snits hat fansels ynfloed hawn op syn omkriten, mar ek oarsom sil de gong fan saken yn Fryslan altyd weroan syn wjerslach hawn hawwe op de üntjowing fan Snits. Ik sil ek net üthalde, dat dit forban alhiel net lein is; mar it hie düdliker lein en faker oanwiisd wurde kinnen.

Tige moai is neffens my de forhalding tusken de boargerij en de ried oan de iene, en de haedling, it hearskip fan ’e stêd, oan de oare kant, biskreaun. Earst yn de figuer fan Rewenich van der Sneke, yn 1398 en letter jierren: hoe’t er as Fetkeapersk ealman de stipe krige fan de Hollanske greven, as gefolch hwerfan Snits yn dy harren gunsten diele mocht; dan it weromkommen fan de Skieringers üt de ballingskip, de striid tusken Skiër en Fet en it wer op syn plak slagjen fan Rewenich, dy’t syn dochter Ilisse mei Agge Harinxma fan Heech trouwe lit en yn 1410 de „heerschappie van Sneeck” oan him oerdraecht. It boekje jowt üs ynsjoch yn de saeklike forhalding tusken Rjocht en Ried, dus tusken it stedsbistjür en it hearskip. De forplichtingen foar elkoarren oer wiene sa regele, dat dizze machtige haedlingefamyljes wol frijhwat ynfloed yn ’e stêd hiene, mar dochs gjin iensidich oerhearskjende posysje, hwant dêr gie de boargerij alderminst akkoart mei. Dizze tige aparte forhalding tusken de haedling en it stedsbistjür fine wy ek yn Ljouwert mei de Van Cammingha’s fan Hoek yn de kwestje fan it bieroproer, wylst wy eat soartgelikens ek yn Boalsert mei de Jongema’s, yn Frjentsjer mei de Sjaerdema’s ensfh. tsjinkomme.