voorgevel van de kleine stelp op de hoek van het Volkshogeschool-terrein, geen herinneringen op aan de planter die zijn negerslaven „sa to grazen hie” met een groot kunstoog? Of voor het oog van Allard ook wel eens een oud kledingstuk heeft gehangen?

Het laatste hoofdstuk behandelt in kort bestek de oprichting en ontwikkeling der Volkshogeschool, het instituut waaraan tallozen zoveel hebben te danken, en waarmee de naam van wethouder Jarig van der Wielen onverbrekelijk is verbonden. En al mag dan het oog van Allard zijn starre blik laten gaan over het Westerkwartier, verstard is geenszins „Allardsoog”, eens de eerste Volkshogeschool van Nederland!

H. S. Buwalda.

H. Halbertsma en W. H. Keikes, Sneek. Drie kronen met ere\ uitg. B. Weissenbach en Zn., Sneek 1956.

Foar my leit njonken boppeneamde ütjefte oer Snits noch in oar kostlik boekje, t.w. dat fan H. M. Mensonides oer Ljouwert: „Historische wandeling door Leeuwarden”, in ütjefte fan de Fryske Akademy, forsoarge fan 'N.V. Laverman, Drachten.

Beide boekjes binne kreas, sierlik en fleurich fan ütfiering en de teksten wurde mei moai fotomateriael taljochte.

De biskriuwers fan Snits hawwe de skiednis fan de stêd jown oan ’e han fan in ryk archeologysk kultuerhistoarysk materiael. Hja hawwe har dokumintaesje gearstald troch bistudearring fan charters en midsieuske boarnen, fan itjinge bikend is oer de bouskiednis fan monuminten, tsjerken en huzen, en fan in yngeande topografyske kennis fan stêd en lansdouwe.

It wurkje oer Ljouwert jowt boppedat noch in ryk stik kaertemateriael, ynteressante plattegrounen, dêr’t de ütwreiding en ynrjochting fan de stêd Ljouwert ieu nei ieu ut öflêzen wurde kin.

Koartsein: dizze oersichtlike, tige lêsbere en doch net to wiidweidige biskriuwingen fan üntstean en groei fan üs Fryske stêdden kinne net genöch wurdearre wurde. Under it lezen wurdt ommers de bilangstelling foar de stêd dêr’t it oer hannelet oanienwei greater, en mei hwat fan spanning folget men it wol en it wé fan de stedsmienskip. Mei de skriuwer fielt men spyt en bigreatsjen om al dat moaije, dat bytiden sa rüch en sleau oan forneatiging priisjown is, en ergewaesje om dat tokoart oan piëteit foar de geve foarmen en forhaldingen, dy’t yn it forline it stedsgehiel doch faken in eigen stimpel joegen.

De wurkjes oer Snits en Ljouwert binne twa moaije oanfollingen op it oanwaeksend tal stedsbiskriuwingen. Oer Ljouwert hiene wy al twa tinkboeken, ien yn it Nederlansk en ien yn it Frysk, en fierder it boek „Rondom de Oldehove”. Yn 1942 forskynde fan de han fan Mr. M. P. van Buijténen yn de Heemschut-rige „Hindeloopen, Frieslands elfde stede”, wylst yn 1954 en 1955 as ekstra-nümers fan It Beaken folgen: „Dokkum, bolwurk fan it Noarden” en „Boalsert, hert fan Westergoa”.

Wy hawwe dan fierder de samle opstellen fan Dr. S. Ferwerda oer Harns en de Alta-ütjefte fan A. Hallema oer Frjentsjer; mar it soe doch to winskjen wêze