literatuer, de lytsen ha der faken allyk sa hwat fan weikrige. Dat der hwat wie mei dizze Bleeksma, hiene wy al bigrepen üt hwat J. J. Hornstra oer him meidielt. Beme 1821 to Roardahuzum; timmermans-
soan. Waerd ündermaster yn ’e Drachtster Pein en 1848 haed fan ’e skoalle op Skingen. Dêr wurdt er 1877 üntslein en wennet dan in jier of tsien to Hurdegaryp. Hy reizget dan wol mei sigaren en pielt ek hwat mei winterjounenocht.11 Bisünderheden oer dit üntslach jowt Hornstra net. Wy binne dy mei freonlike help fan ’e Skingster pastorij en fan Gemeentesekretaris J. Hupkes to Menaem to witten kommen. Ut de Skingster tsjerkeboeken docht bliken, dat er 1863, 1865, 1873 en 1876 by de censura morum fan it nachtmiel set waerd fan wegen „eigenlijk zich te buiten gaan aan sterke drank”.
Yn 1877 gyng it ek neffens it gemeentebistjür oer de hege skuon. „In eene hooger beschonkene toestand” hie er oant de moarns fiif ure yn in süphuske sitten. Hy wol it earst ligen hjitte, mar it is omdöch, lyk as men üt de bylagen by dit artikel sjen kin. Brea, eare en oansjen wie er kwyt. It wie alteast in gelok, dat de jongste fan ’e fiif bern omtrint fyftjin jier wie. Bleeksma’s dranksucht en libbensgong dogge tinken oan it libben fan oare Fryske skoalmaster-skriuwers, lyk as S. K. Feitsma en T. E. Holtrop, mannen net sünder foarmkrêft, mar dy’t üt in inerlik manko dochs ek net folbrocht hawwe hwat se yn har jonge jierren ünthieten of hwer’t se fan dreamden.
1 Bern, 2de pr. 1953. Y' POORTINGA.
2 Ds. J. J. Kalma, „Gerben Colmjon, hoeder fan it erfskip”. Assen 1946, bis. 90' 3 Diel 15, bis. 119 fan „Samtliche Werke”, Hamburg 1876. De bledsiden binne fierder neffens dit diel fan ’e selde edysje oanjown. Alles hwat ik to plak
bringe kinnen ha is üt it „Buch der Lieder”.
4 „Forskate Tinzen, frij nei von Kleist. „Iduna”, 1867, bis. 47, 92. Undertekene B. „It himd fen in lokkich man. Nei ’t tsiusk fen Langbein.” „Forjit my net”,
1874, bis. 34-42. 5 O.w. bis. 137. 6 O.w. bis. 93.
7 De Greate Jouwer, 1886. 8 O.w. bis. 21.
9 O.w. bis. 52. 10 O.w. bis. 67.
11 „Fryslan”, 1931, bis. 145.
Bylage I:
Uittreksel uit de vergadering van B. en W. (van Menaldumadeel)
op Maandag 15 Januari 1879. Den 15 January 1877. N. 3.
Aanwezig Mr. Bergsma en de HH. Jeftma, Sijtsma, benevens den secretaris.