is oerset mei:
As godstsjinst en leafde foar mem it net die, Dan koe ik mysels wol forgrieme.
De dêr op folgjende romance, nr 5: „Lied des Gefangenen” hat Bleeksma ek oer gear west. De biwurking is to finen yn „Swanneblummen” 1863 (bis. 70) en letter net opnommen yn de „Rymkes”. De wurking fan it origineel birêst der foar in great part op, dat it twa kear luguber is. In finzene is oan it wurd; hy fortelt, dat syn beppe as tsjoenster forbaernd waerd en doe as raven opfleach. Hy freget nou syn swarte, bifearre beppe om him hwat iten troch de traljes to bringen en der foar to soargjen, dat in „Muhme” him de eagen net ütpikt, as er moarn „loftich sweeft”. Bleeksma hat it hiele motyf fan ’e finzene weilitten. It gedicht is yn ’e tredde persoan oerbrocht: „De dochter fan Harmen de smid, wie bitsjoend; / De tsjoenster wie al de Marije”. As hja forbaernd wurdt, fljocht der in „roek” omheech, mar dy hoecht nou ek gjin tsjinsten mear to dwaen:
Hy slacht yn syn wjukken en knikt mei syn kop, As winske er de rjochters it béste; Doe sette er de flecht nei de tsjoensterberch ta, Fan efteren seach me him ’t léste.
De romances sakje allegearre yn peil ünder Bleeksma syn hannen. Dat is lang sa sterk net it gefal mei de oare gedichten. „Farwol” bygelyks (yn „Rymkes”):
Ik stie to lenen jin de mest, En digere yn ’e weagen . . .
is in ridlike oersetting fan „Wasserfahrt”.10
Yn dit bondeltsje komt mear foar, dat üs taliket, oersetting of biwurking to wêzen, hoewol allinne „Wraldsbyld” fierder de Heiniaenske toan hat. Wy sille lykwols mar net om ’e bikende nulle yn ’e heaberch sykje. Fêst stiet yn alle gefallen, dat Bleeksma Heine fiks plagiearre hat. Nou kaem dat yn dy tiid ek buten Fryslan noch al ris foar, lyk as Prof. H. Uyttersprot yn syn boek oer Heine’s ynfloed yn ’e Nederlannen üt ’e doeken dien hat. It waerd yn dy dagen noch net sa swier oanrekkene as nou, mar likegoed bliuwt by Bleeksma it ütsünderlik feit bistean, dat syn hiel lyrysk dichterskip winlik in falske pretinsje is.
Muschg giet yn it boppeneamde wurk it libben fan magiër en charlatan nei. De iene syn needlot is troch de greatme fan syn karakter biskaet, de oare syn faek drövich lot meastal to witen oan de swakte fan syn karakter. Dat jildt foar de greate güchelders üt de wrald-