Hja sprekke frjemde talen, Dy binn’ sa ryk, sa skiën! Doch klear se to bifetsjen, Dat learde jit nin ien.

En doch wol jimme witte Hwat ’k yn ’e stjerren fyn? Kin ’k alles al net fetsje, ’k Les Goades leafde ’r yn.

Bleeksma hat, sa’t it liket, syn Heine-plagiaet jierren folhalde kinnen, sünder dat er op ’e fingers tikke waerd. Yn 1886 hat er de measte Heine-oersettingen yn in boekje „Rymkes” 7 mei oare fersen bondele.

Seis fan „Belsazer” komt hjir in- net oeral like béste – oersetting foar, dy’t gjin opfallende öfwikingen fan it origineel fortoant.

„By ’t bigjin fan de hjerst” is in biwurking fan nr 2 fan de „Traumbilder” üt „Junge Leiden” 8: „Ein Traum, gar seltsam schauerlich”, of leaver fan it earste part fan dit moai lange gedicht. Alderearst is it wer opmerklik dat „Liebesmelodein” yn ’e 3de strofe oerset is mei „Libbensmelodij”. Nijsgjirriger is dat de hiele sin fan it gedicht foroareis. Heinesjochtyn’e dreamin faem, dy’t in wyt klaed ütwasket; op syn frage foar hwa’t dat is, antwurdet hja, dat it syn eigen lykklaed is; ek it timmerjen fan in kiste en it dollen fan in grêf, dat hja docht, binne oankundigingen fan syn eigen dea. Bleeksma haldt mei it waskjen fan it klaed op. De sin dêrfan blykt ek hiel oars to wêzen as

er dêr nei fornimt:

Doe spriek se: reizger tink der om, ’k Spiel ’t lykkleed fan de simmer ou, Dy giet foarby en sinkt yn ’t neat, De hjerstmisbuoijen folgje nou.

Tel wie ik wekker, en fan ’t bed; ’k Hear ’t rüzen fan de wyn en rein, Dy klett'ren jin de finsters oan; ’t Wie sa, de simmer naem in ein.

„Jan en Tyt” is in oersetting fan nr 4 fan ’e „Romanzen”: „Der arme Peter”. It justjes humoristyske dat hjir en dêr yn Heine’s romance sit is weiwurden. Bygelyks:

Ach! wenn ich nicht gar zu vernünftig war’, Ich thdt’ mir was zu Leide,9