Liebe” soe it it measte fan syn sin forlieze; it is ek net los to tinken fan syn forban mei safolle oare fersen üt dizze rige:
Es stehen unbeweglich Die Sterne in der Höh’
Viel’ tausend Jahr’, und schauen Sich an mit Liebesweh,
of mei
Ich hab’ im Traum geweinet, Mir traumte, du lagest im Grab.
Wol hat Bleeksma Heine’s toan bisünder goed biwarje kinnen. Frjemd, dat er dit as eigen wurk publisearret en folüt ündertekenet, wylst er as B. to S. (= Skingen) yn „Iduna” 1856 by in lang fers „It erfskip” meidielt: „In oar nei praet’ ’en by in proazastik fan 1870: „Oerbrocht”, wylst er ek by rymwurk fan Kleist en fan Langbein de oarspronklike dichter wol neamt.4
Yn deselde jiergong ’62 fan „Iduna” stie (bis. 17) noch in folüt ündertekene ferske, dat hwat minder djipsinnich die:
In wierheit.
As ’t Ijacht komt mei de sinneskyn,
Dan halde nin blommen har knopkes mear yn; As ’t moantsje skynt fan de joun ta de moarn,
Dan blinke de stjerren it efteroan; As de sjonger twa moaije eagen sjocht,
Dan hat er oan sjongen en kwelen sa’n nocht.
Mar sangen en stjerren en moanneskyn En eagen en blommen mei knopkes deryn,
Mei sinneskyn, hwa dêr fan haldt, Hja meitsje jit lang net de wrald.
Yn Heine’s samle wurken haw ik neat oerienkomstichs fine kinnen, mar eame oars foun ik as wurk üt H.’s jeugd oanjown:
Wenn der Sanger zwei süsse Auglein sieht, Dann quellen ihm Lieder aus tiefstem Gemüt. Doch Lieder und Sterne und Blümelein Und Auglein und Mondglanz und Sonnenschein, Wie sehr das Zeug auch gefallt, Es ist doch noch lang’ nicht die Welt!
Fan rigel 5 öf is Bleeksma’s ferske dêrmei wer mei ien fan Heine identifisearre.
Sa giet it troch; de fersen mei pretinsjes blike allegearre nei Heine