fi. REee&ima en ii EitebaU faidkaed.

Yn syn „Tragische Literaturgeschichte” 1 wiist Walter Muschg de magiër, de profeet en de sjonger as de oertypen fan dichterskip oan. Yn ’e histoaryske realiteit fynt men dizze oerfoarmen nea suver werom, marde genyen komme se dochs faek wer ticht binei. Muschg bihannelet ek de sekundaire typen, dy’t der folie fierder öf steane. De dübelgonger yn it negative fan de magiër is de güchelder, de charlatan, dy’t yn skyn itselde kin, of noch folie mear, om’t er yn alle silen mak is, mar dy’t yn wierheit tart op hwat greater geasten al skepen hawwe.

De greatste fan alle güchelders is by Muschg Heinrich Heine, dy’t mei syn firtuositeit, syn irony, syn sentimentaliteit en syn sinisme de deastek jown hat oan de naïve folksdichting, wylst er himsels de skyn joech, yn syn wurk it sljochte folksliet ta syn uterste foltöging to bringen. Brutaler hie noch net ien mei it magyske boarte.

Yntiid hat Heine’s wurk yn ’e foarige ieu lang by brede lagen fan it üntwikkele publyk foar it ynbigryp fan poëzy gongen. Nimmens wurk is ek sa folie neifolge en plagiearre. It lit him ek maklik neifolgje en neibauwe, folie makliker as it wierhaftich naïve èn as it wierhaftich greate en oarspronklike. Mooglik leit dêr al in oardiel yn dat Muschg in ein hinne gelyk jowt.

Sa hat de greate charlatan wer syn lytse charlatans. Yn ’e Fryske skriftekennisse fan ’e foarige ieu fine wy dêr in spreklcend foarbyld fan. Wy koene Piter Gearts Bleeksma as skriuwer fan syn histoaryskromantysk forhael „Marten Clant, ef de swerveling fen Boxum” (1871). In heech idé fan de man syn talinten hiene wy der net fan krige. Alhoewol ’t it op syn namme ütjown is, hat Ds. Raima it mei op Gerben Colmjon sines set 2, om’t it sünder dy syn help net klearkommen wêze soe. It rymwurk dat wy fan Bleeksma lézen hiene tsjüge nou just ek net fan lyryske formogens.

Nammensto binijder seagen wy op fan in gedicht fan sines yn „Iduna” (1862, bis. 31). Mei’t Bleeksma forskate fersen yn mear as ien stavering publisearre hat, al nei’t op it stuit gongber wie, nimme wy fan him oer yn ’e hjoeddeiske stavering:

Hwaens is ’tl

Der fait in stjer nei ünd’ren, Har flikkerjen is wei.

It is de stjer der hope; Hwa as dy misse mei?