1779 hie jacques le Brigant al in tal oersettingen fan dizze parabel yn Bretonske dialekten utjown.41

Coquebert de Montbret hie sünt 1806 de lieding fan it „Bureau de Statistique” op it ministery fan binnenlanske saken. Dit Bureau frege de prefekten en ünderprefekten, dy’t dan yn har omkriten gaedlike dialektkenners sochten. Sünt 1810 hearde ek Fryslan by it Franske keizerryk, dat doe sil ek Prof. Wassenbergh frege wêze.

Wassenbergh hie yn 1802 tagelyk mei syn Idioticon Frisicum in 18de-ieuske Molkwarder oersetting fan MattheusVl utjown42, öfprinte njonken syn eigen oersetting derfan yn it gewoane Frysk, en dêrmei in nijsgjirrige en wichtige bydrage levere ta de Fryske taelstüdzje. De oersetting fan de forlerne soan hat er in tsien jier letter makke. Neffens syn eigen sizzen hat er dat dien yn de tiid, dat de Frjentsjerter hegeskoalle sletten wie, dus nei oktober 1811. Yn novimber 1813 waerd Fryslan fan de Fransken bifrijd. Wy meije dus wol oannimme, dat de oersetting om 1812 hinne makke is.

Earst yn 1824 hat Coquebert de Montbret de ütkomsten fan syn enkête publisearre, lykwols net alles, mar allinne dy anderten, dêr’t er it measte bilang by hie.43 Hy wie in mineralooch en natuerkundige, mei tige bilangstelling foar de ierdrykskunde. Dêrom wie it him by de enkête binammen to rédden om de grinzen tusken de talen en dialekten yn it Franske keizerryk, alderearst fan it Fransk en syn dialekten. Hy foun, dat der binammen tusken de Romaenske talen mei har mienskiplike oarsprong gjin skerpe taelgrinzen wiene, mar faek brede oergongsstripen.

Coquebert de Montbret hat dit it earste sjoen en letter hat er ek in kaert jown fan it Franske taelgebiet en syn dialekten. Sa hat er in wichtich pionier west fan de dialektgeografy, dy’t syn resultaten forlykje kin mei de tastan, dy’t de lettere ündersilcers founen. Wy kinne nou ek Wassenbergh syn oersetting lizze njonken dy fan Winkler 41 Sever Pop, La dialectologie. Apergu historique et Methodes d’enquêtes linguistiques. Première partie'. Dialectologie romane. Louvain 1950, p. 20, n. 1. 42 Ev. Wassenbergh., Taalkundige bijdragen tot den Frieschen tongval, 1. stuk.

Leeuwarden 1802, p. 140. 4-i yj-| (p. Matériaux pour servir d l’histoire des dialectes de la langue frangaise ou collection de verslons de la parabole de l’Enfant prodigue en divers idiomes ou

patois de France, yn tome VI (1824) fan de Mémoires et dissertations sur les antiquités nationales et étrangères, publiés par la Société Royale des Antiquaires de France, en letter yn de Mélanges sur les langues, dialectes et patois', renfermant, entre autres, une cottection de verslons de la Parabole de VEnfant prodigue en cent idiomes ou patois différents, presque tous de France', précédés d’un essai d’un travail sur la Géographie de la langue frangaise, Paris 1831.

Fgl. S. Pop, o.w. p. 16-26.