Mar wol hwat yn de goede rjochting brocht my de proklamaesje fan „huis, schuur en stede int olde clooster”, mei de wyk east en de sylroede süd (1661).

It moast fansels in ald kleaster wêze hwant nei 1580 wiene der gjin kleasters mear yn Fryslan.

Mar troch in pear oare proklamaesjes wurdt it hwat düdliker. Dy komme frijhwat letter yn Y 25 en Y 26. Dit earste boek rint fan 1731 oant 1736. Wy fine dér (fol. 71): „kamer in het clooster met een mandelige voorhuys sampt mandelige back in het voorhuys”, en datselde sahwat noch twa kear. Iderkear is wer „het gemene pad oost”. Dat wiist wol op in kleastereftige bouwize.

De folgjende kear (Y 26 fol. 72) is it „huis int clooster te Mackum de gemeene straat van dat clooster oost en zuid”. Dat kleaster hat dus in eigen strjitte, hwat ek wol wer hwat bisünders is.

Noch moaijer is it as wy léze „2 huisingen en steden met alle de ruymten, tuynen, straaten en stygen, daer ooijt aan behoorende zijn geweest, staande en gelegen in het clooster te Mackum”. (fol. 163). Nou hoecht der dochs gjin twifel mear to bistean. Mar der is noch in oar soarte biwiis. By Sipma I nr. 268 léze wy yn it testamint fan Jorard Andringha: „Item dae sesteren toe Grone dijc ende toe Mackum elc viif klinkerden fon dit geld fors.”

It wie dus in frouljuskleaster en it bistie noch doe’t dit testamint makke waerd; dat wie yn 1476.

It is wol opmerklik dat der fan dit blykber net ünbilangrike kleaster (sjoch de léste proklamaesje) yn it lést fan de 19e ieu, foar safier’t my bikend is, neat mear to sjen wie en ek neat mear bikend. It plak, dêr’t it stien hat, wie doe foar it greatste part troch hoven ynnomd; tsjinwurdich silde Lenigestraat der wol trochhinne rinne.

Ljouwert.

O. POSTMA.

Het Qylfre’it ie Rotuu-a'id oji 7 juli 1823.

Slechts weinig feesten hebben zo’n naklank gehad als het grootse Gysbert Japiksfestijn te Bolsward op 7 juli van het jaar 1823. Bolsward heeft de reputatie van goed te kunnen feestvieren; wellicht is die reputatie in 1823 ontstaan, misschien ook bestond deze toen alreeds en werd zij bij die gelegenheid nog eens bevestigd.

Veel van de voorgeschiedenis van het feest, dat was georganiseerd