O,eA in Qctzaöte'i ta- ÏÏla&kum.

Ja, yn Makkum hat in kleaster west, hoewol’t wy oan nou ta der nea fan heard hawwe. Marde biwizen binne der.

Wy fine dêr foaral hwat oer yn de Proklamaesjeboeken fan Wünseradiel. It earste dat ik dêroer foun, wie yn it Proklamaesjeboek C7 op 20 april 1621. Der is dan in hüs forkoft to Makkum op de regel fan de „nije vijff huysen op Oom Jans werck bij ’t clooster” mei nêstlizzers noard en süd. Dit is dus in regel of strjitte dy’t noard-süd rint en dêr’t it kleaster by leit. Dy fiif huzen, dy’t dus in nije strjitte foarmje, wurde noch wol gauris neamd: der wurdt noch al ris ien fan dy huzen forkoft.

Sa léze wy yn C 8 op 11 maert 1626 „roodpand kamer en stede aan de regel van de 5 huizen, wesende de westereind vaneen huis daer Sake Tierx lasscher in woont”, Jan Jans kalkoven süd. Dat léste is dus dat „Oom Jans werck”, sa just neamd.

Noch hwat letter yn Y2 „huys te Mackum inde vijf huysen, de straat west, de sloot oost” (12 okt. 1631). It wurdt üs nou al hwat düdliker: dy regel sil de lettere pothüssteech wêze; der rint in sleat by lans dy’t op de kaert „Tichelaars wijk” hjit. Dat hüs stie dus oan de eastkant fan de steech en hie de wyk to’n easten.

Wy jowe noch twa oanhellingen oer dy fiif huzen. Wy nimme fan 2 april 1636 huys op ’t oostendt tot Mackum inde 5 huysen” mei nêstlizzers noard en süd en „1/5 huis inde 5 huysen met 1/5 van 8 pondemaet leeg landt aan de huisinge gelegen, de laan N. en een tichelwerk Z.” Dy leane sil de „rjochte leane” wêze, dy’t in ein binoarden de pothüssteech nei it easten rint.

Wy gean nou wer nei it kleaster en hawwe yn Y5: „huys en schuyre te Mackum int clooster, de wyck oost, de zylroede zuid”. En yn Y 9: „ledige plaats int clooster, de dijk ofte het pad west, de straat na de 5 huizen oost, de voorhuysen van ’t clooster zuid”.

It kleaster is dus net in bipaeld gebou, mar mear in terrein, dêr’t in skuorre op stiet en dêr’t in leech plak groun op leit. En hwat is dy dyk of dat paed? Dat kin net oars wêze as hwat nou de schoolsteeg hjit en hwat wy eartiids de fliesteech neamden. In oar paed biwesten de pothüssteech wie der net; de Lenigestraat dy’t der nou is, wie der doe net. De ófstan tusken skoallesteech en pothüssteech is aerdich great, mar dat kleaster kin ek in moai great terrein ynnomd hawwe.

Ik moat sizze, dat ik eigentlik earst noch net oan in wezentlik kleaster tocht; it koe ek sa mar in namme wêze foar in terrein mei in tizeboel fan hüskes der op.