meitsjen hat de gearstaller tige tankber foar wêze sil. Undertusken wie Kalma net allinne gearstaller, mar arbeide hy ek yn de skiednis seis. Fan syn artikels üt de bihannele tiid neam ik allinne Spul to Lekkum 82, Bibliografy Dr. P. Sipma 83, It swurd fan Greate Pier 84, It ien en oar oer de Swarte Heap.85

In tige bilangryk boek foar en oer Fryslan is de Geschiedenis van de Friese landbouw, 2 dln., fan O. Postma en J. J. Spahr van der Hoek. It is ütjown fan de Friesche Maatschappij van Landbouw, doe’t dy hündert jier bistie (1952). Gjin historicus mei der oan foarbygean.

In Bijdrage tot de Kerkgeschiedenis van Friesland86 waerd oanbean by it gouden feest fan de Augustinen yn Wytmarsum. It jowt yn haedsaek skiednis fan de Roomske Tsjerke, to bigjinnen mei it kommen fan it Evangeelje yn ’e Midsieuwen, oer it libben fan de tsjerke yn ’e midsieuwen en oer it tsjerklik libben fan tsjintwurdich. Dêrby wurdt ek oer de Fryske Protestant skreaun fan Ds. Bijl en oer de üntsjerklikens yn Fryslan fan F. S. Sixma van Heemstra. Foar de oare skriuwers forwiis ik nei it wurk seis. It boek hat ek in kleasterkaert fan Fryslan. In bilangryk boek foar üs folk, hwaens skiednis sa tige gearhinget mei dy fan it Kristendom. Ek bilangryk om’t it de óffal fan de tsjerke bisprekt. Amstelveen. K. Fokkema. 1 A. Campbell, Thet Freske Riim, Tractatus Alvini, The Hague 1952. 2 Willy Krogmann, Altfriesische Balladen: I. Buhske di Remmer, 11. A Redder trad a Raiendaans, Aurich 1953. 3 It Beaken XV, Om Jan Jansz. Starter hinne. Assen 1953, mei: A. G. H. Bachrach, Starter en Engeland, W. J. C. Buitendijk, Starter en Amsterdam, J. H. Brouwer, Starter en FryslÉtn, Jac. Jansen, Starter en de muzyk, J. J. Kalma, Hwerom kaem Starter nei Ljouwert ta? J. J. Kalma, Over J. J. Starter en zijn werk (bibliografie). 4 It Beaken XV, s. I—S. 5 W. J. C. Buitendijk, Het zedelijk en godsdienstig leven van J. J. Starter, Ts. v. N.T. en L. 70, blz. 105—146. 6 It Beaken XII, s. 5—14. 7 It Beaken XII, s. 37—42. 8 It Beaken XII, s. 43—52. 9 It Beaken XII, s. 1745-180. 10 It Beaken XV, De bibliotheek fan Gysbert Japiks. 11 Us Wurk jrg. I, II en 111. 12 Utjefte Gysbert Japiks Comité 1666—1966, Ljouwert 1956. 13 Drachten 1956. 14 Magnus rige nr. 6, Boalsert 1952.