de „oer-Brokmerbrief” yn Thet wellath Brocmen,65 M. S. van Oosten bihannele Inleidende Beschouwingen over het oudere Friese Bewijsrecht.66

Burna forsoarge in artikel fan I. H. Gosses oer Rechtsbronnen en rechterlijke organisatie van Rustringen61, dat noch net ütjown wie. R. P. Cleveringa spriek oer de nijsgjirrige Vooreed in het Ommelander recht op ien fan de Akademie-dagen.68 Oer de rjochtsskiednis fan Frjentsjer wie noch al hwat to dwaen. Ik neam Nocheat oer Fraenkeraghae fan O. Postma 69 mei in forbettering en ütwreiding yn Nei oanlieding fan ~De rechtsomgang van Franekeradeel.70 P. B. Winsemius en J. J. Spahr van der Hoek 71 wiene it net iens oer de rjochtsomgong. Fokkema skreau oer De fia-eed 72 en Vellinga oer Keysers Orkena – Notarius publicus.13

Skiednis.

Op de grins fan rjochtsskiednis en mear algemiene skiednis leit it manske en moussearjende boek fan Van Buij tenen De grondslag van de Friese Vrijheid 74, tige ryk fan ynhald. It jowt in basis oan de leginde fan de Fryske f rij heit en as twadde ünderdiel wichtige skögingen oer it Seendriocht.

De Hantlieding foar Geakunde 75 jowt ek hiel hwat oer iere en lettere skiednis; ik mei hjir wol nei it boekje seis forwize.

Fierders wie der yn dizze snuorje hiel hwat to dwaen oer de Angelsaksyske ynvaezje, fan Boeles sa krêftich fordigene yn Friesland tot de eljde eeuw™ fan oaren fül bistriden, alteast yn de uterste konsekwinsjes. De Akademy joech in apart „symposion” oer de kwestje, dêr’t Sipma syn miening yn sei77; oaren hiene al oan it skriuwen west, binammen Boeles en Wybenga.78 It léste wurd is hjir noch net oer sein. It boek fan Boeles is fierders ünmisber foar de skiednis fan Fryslan.

Oer de Fryske skiedskriuwers yn de 16de en 17de ieu kaem der in deeglike en yngeande stüdzje üt fan E. H. Waterbolk 79. Dit is in dissertaesje dy’t üs frijhwat fierder bringt as it boek fan Bolhuis van Zeeburgh. Bruch hie ut hwat earder tiid in Kroniek der Friese Kronieken skreaun dêr’t de bikende Fryske kroniken koart yn bisprutsen wurde.80 Fan syn han binne de twa artikels yn It Beaken 1950, dy’t oer iere kronykskriuwers geane. Yn oansluting by dit historiografysk wurk kin ek neamd wurde it artikel fan D. A. Wumkes Friesche Historiographie in overgangstijd. It artikel stiet yn de Earebondel foar Dr. G. A. Wumkes, dy’t binammen stüdzjes üt de 17de ieu ynhat. Ik kin nei it boek seis forwize en nei it nou (1957) ütkommen Repertorium Frieslands Verleden fan J. J. Kalma 81 dêr’t hwa’t ek mei skiednis to