fan Sassen oer it Drents van Ruinen bringt ek frij hwat oer de Stellingwerven en dus ek oer forsmiten of oannommen Fryske ynfloeden.49 Boelens liet de bern prate en gyng de ütspraek fan de ea-wurden yn Westergoa nei.50

De nijfryske fonology krige ek it omtinken. It wie Fr. van Coetsem dy’t Over en naar aanleiding vaneen Nieuwfriese Umlautwijziging 51 skreau oer hoanne>wjanne. It petear mei Hof 52 waerd fuortset yn Nogmaals Fries hoanne-woanne 53, dêr’t it forskeel tusken in fonetyske en fonologyske sköging yn ütkaem. Yn in hwat breder forban hie Van Coetsem ek Oudfries hw-w en Nieuwfries hoa-woa bihannele yn Leuv. Bijdragen 42, 1952. In hiel oare kwestje hie hy ünderhannen yn deselde jiergong: Fries droech, 17de eeuws Hollands druig. In oare bütenlanner, S. Chatman, joech yn Us Wurk in moaije bijdrage fan de Fryske fonology troch in systeem op to setten fan de Fryske klinkers,54 dat net sa min liket.

Kr. Boelens gyng De konsonantforbiningen yn it Frysk 55 nei, dy’t er forliket mei dy yn it Ingelsk en Nederlansk. Al earder hied er in soartgelikense stüdzje publisearre oer Hwannear wurdt de skreaune ryn it Frysk ütsprutsen?56 Dit artikel joech T. B. Hoekema oanlieding ta Reaks'jes en oanfollingen op Krine Boelens, Hwannear ensfP1, dêr’t Boelens op reagearre mei Dy stomme r\ 57

Dit oersjoch oer de tael, dêr’t ik wol hwat yn forgetten hawwe sil, woe ik bislute mei it foar it nijfrysk wol foarnaemste boek, it Frysk Wurdboek II Nederlansk-Frysk.58

Oer de nammekunde kin ik koart wêze; in tige folslein oersjoch kin men fine yn Onoma 111, 1952, s. 177—178, Onoma IV, 1953, s. 49—64, Onoma V 1954, s. 225—226 59, en yn it Register op Fryske Plaknammen I—VIII.60

Ik neam hjir noch wol apart Fryske Nammekunde I fan Sipma 61 en W. de Vries, Friese Persoonsnamen, mei in register fan goed fyftich bledsiden yn trije kolommen fan Mr. Oosterhout.62 Om’t it jin oars wol ris üntkomme kin, neam ik it Nederlandse boek, dêr’t foar Fryslan ek hiel hwat yn stiet, Uit de wordingsgeschiedenis der Hollandse doopen familienamen, de Leijener dissertaesje fan J. van der Schaar 63, en ek De Hel-namen in Nederland, de oraesje fan Prof. Dr. J. A. Huisman.

Foar de Fryske rjochtsskiednis soe ik alderearst forwize wolle nei de utjefte fan de aldfryske rjochtsboarnen, hjir boppe ünder Tael neamd. It ütkommen fan de Brokmer rjochtshanskriften joech J. P. Winsemius oanlieding ta twa bilangrike artikels oer de organisaesje fan it rjocht yn Brokmerlan De redieven in het Brokmerrecht64 en oer