it Arumer swurdtsje dy’t nochal ófwykt en neffens my ek net strykt mei hwat der stiet. Ek de echtens waerd to maklik yn ’e kiif steld. It is gjin wünder dat Boeles yn forwar kaem yn De inheemse runeninscripties uit Friesland en Groningen,40 Oer deselde iere tiid giet in artikel fan H. W. Bennett, A West Norse Frisian Kentish Parallel41: op taelkundige grounen mient de skriuwer dat de Jutten in skoft oan de beneden-Ryn sitten ha.

Willy Krogmann forklearre in passaezje üt de tredde Emsinger Codex, dy mei „werpth mith tha hund” en „bitza slek” goed.42, allinne de tekstforbettering giet net hielendal op, om ’t K. net de nijste ütjefte fan de Tweede Emsinger Codex brükt hat.

Heeroma en Buma joegen har miening oer ondieft, dat Buma as frisisme wist to bihalden.43 Stapelkamp gyng ek troch mei it publisearjen fan wurdforklearringen yn ünderskate periodiken. It is einliks to folie om op to neamen, mar hy hat it de skriuwer fan dit oersjoch maklik makke troch yn Estrikken VIII in list op to nimrnen fan alle wurden dy’t er oan 1955 ta forklearre hat. Ik mei dêr wol nei forwize. In pear dy’t minder goed slagge wiene, hat er mei rjocht net opnommen. Heeroma hie it oer Oudengelse invloeden in het Nederlands 44 dêr’t it Frysk ek gauris by to praet komt en oer Andermaal Ceen 44; hy sjocht hjir net in labialisearring fan keen yn, mar wol it forklearje üt sjaan dat infoarm fan tia wêze soe. Ek syn artikel oer Ontspoorde Frankiseringen 45 bringt Frysk materiael to praet, lyk as ékLaan en verwanten.*6 Buma joech de etymology fan nijfrysk ts'jelm en nijfrysk jamk yn It Beaken XIII en fan fili yn It Beaken XIV; de léste forsmiten fan Holthausen.47

Hoekema forklearre yn Us Wurk 2e Jrg.: Aldfrysk Hangerdoek, Hungerdoek.

Artikels oer it Frysk binne ek noch al ris to finen yn de Niederdeutsche Mitteilungen fan de Niederdeutsche Arbeitsgemeinschaft to Lund yn Sweden. Sa stiet yn Jrg. 8, 1952, de ütjefte fan in midsieusk resepte-hanskrift troch W.L. Wardale. It nijsgjirrige foar us is, dat it hanskrift neist it latyn ek fortalingen yn in Frysk-Middelned.- Leechdütske mingtael hat. Wardale pleatst it yn it begjin fan de 14de ieu. E. Rooth jowt yn itselde nümer in bisprek fan de ünderskate taelfoarmen.

Oer Fryske dialekten kamen ekinkelde stüdzjes los. Allerearst neam ik hjir de dissertaesje fan B. de Boer oer it dialekt fan Hynljippen48 dêr’t jin binammen de düdlike biskriuwing fan de Hynljippen fokalen en konsonanten yn opfalt; neist de min of mear fonologyske opset fan dit ünderdiel, stiet de forklearring üt it aldfryslc wei. De dissertaesje