In pear boekjes fan Prof. Brouwer kinne hjir ek neamd wurde. Hja geane djipper yn op inkelde stylforskynsels. Fryske Styl29 bisprekt de proaza-styl fan R. P. Sybesma yn syn Boerke Thae dy’t ympressionistysk neamd wurdt. Yn De Fryske f]ouwerrigel 30 wurdt it kwatryn bihannele, dat yn it Frysk suver in moade wurden is, seit de skriuwer.

In moaije ynlieding ta de Fryske literatuer en ta it forstean fan de Fryske taelstriid foar „Hollanders” joech Yge Foppema yn in rede halden foar de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde31.

Tael.

De ütjefte-rige fan de aldfryske rjochtsboarnen gyng troch. J. Hoekstra biwurke De Eerste en de Tweede Hunsinger Codex 32 mei in ynlieding, tekst, namme-register en Index Verborum. Fokkema joech yn deselde searje De Tweede Emsinger Codex 33 ut.

Nij is yn dizze léste utjefte in Systematisch Rechtshistorisch Register, opmakke fan Mr. P. Gerbenzon, en yn sté fan de Index is nou kommen in Woordenlijst en Index, dêr’t dus in forklearring fan de wurden by opnommen is. De brükberens is der troch foarütgien. Ek yn de noch kommende dielen sil in wurdlist jown wurde, is it doel. Hjir kinne ek neamd wurde twa lêzingen, op it Philologekongres yn Grins halden. len fan Mr. Gerbenzon Over enkele Friese en Groninger scriptoria 34, dus oer fryske palaeografy. Dizze stüdzje is pas bigoun, mar der binne al inkelde scriptoria oan to wizen. De lêzing fan Prof. Buma giet oer Geestelijke Literatuur in Oud-Friesland 34, dêr’t Buma alde aldfryske geastlike literatuer yn byinoar set hat, dy’t bikend wie, en in pear houlikstaspraken dy’t noch net bikend wiene. It is it plan dat dy fan ’t jier (1957) apart ütkomme sille. Ek oer hwat bikend wie, fornijt Buma frijhwat. By de literatuer oer fyftjin tekens foar de oardielsdei dy’t Buma jowt, kin ik nou noch neame: Hans Eggers, Vonden fünfzehn Zeichen vor dern jungsten Tag 35 en Schmale-Ott, Die Fünfzehn Zeichen vor dem Weltuntergang,36

Yn syn ynaugurele rede oan de universiteit to Leiden spriek Fokkema oer Uit het spel der Manken dêr’t er nei in ynlieding oer it Arumer swurdtsje inkelde klankoergongen yn bihannele dy’t neffens him üt in forslopping fan ’e artikulaesje fuortkamen, in forslopping dy’t nei inkelde ieuwen wer troch in forsterking folge waerd.37 Oer runen waerd ek skreaun fan Buma en wol oer Das Runenstabchen von Britsum 38 dêr’t er yn oansluting by eardere stüdzjes in better forklearring fan bisiket to jaen. It jiers dêrop skreau Willy Krogmann yn Estrikken II Zur Frage der friesischen Runeninschriften 39 dêr’t er nochal oan de echtens fan de Fryske runen twivelet en dan in forklearring jowt fan