ek fan deselde skriuwer16 en Mayke Jakkelis, biwurke fan Brandsma.17

Oer master Salverda’s famylje en oer Salverda seis skreau R. S. Roarda yn It Beaken.18 R. Dykstra bihannele yn Us Wurk Jrg. I in ballade fan Salverda. A. Wadman skreau oer in oare skoalmaster: H. G. van der Veen en de Fryske Winterjounenocht19, dêr’t wol üt blykt dat Vander Veen, „it mier hie oan dy Winterjounenocht dy’t it Frysk brükte foar leffe setten en grappen.”

Yn 1953 waerd de nestor fan de Fryske dichters 85 jier. De Tsjerneredaksje joech in Dr. O. Postma-nümer ut mei artikels fan J. J. Spahr van der Hoek: Ljochte ierde dêr’t binammen handele wurdt oer it wittenskiplik wurk fan Postma; fan D. A. Tamminga: lerdsk Petear mei de dichter; fan D. Raima: Dichter en Styl; fan Anne Wadman: Dichterlik geheimskrift, dat ek op de styl fan de dichter yngiet; fan inkelde oaren koarte opmerkings oer Postma. Hjir forwiis ik foar nei it tredde nümer fan De Tsjerne (1953). Ut deselde tiid is it essay fan Sierksma Bern fan de lerde dat in sköging jowt oer it dichtwurk fan Postma, ek oer de filosofyske eftergroun.20 Oer de dichteres dêr’t Postma fan oersette Em. Dickinson skriuwt Vander Molen. Syn artikel wurdt folge fan oersettingen fan Postma en Vander Molen.21

De fjouwer jiergongen fan De Tsjerne dy’t hjir einliks bisprutsen wurde moasten, bifetsje safolle dat ik it hjir net neame kin. Gjinien kin sünder skea neilitte, se seis to rieplachtsjen. Ik neam hjir noch al in diskusje oer it oersetten fan poëzij tusken K. Dykstra en Dr. D. Raima.23 Ut it Amearika-nümer neam ik it nijsgjirrige stik fan Prof. B. Fridsma De literatuer fan Fryske lanforhuzers yn Amearika 23, dat yn it ramt fan dit forslach der wol it meast foaryn ’e nominaesje komt.

In oare strideraesje üntstie oer it plak fan ’e Fryske dichter yn of buten de biweging dêr’t binammen I. de Jong en A. Wadman oer petearen.24

Oer de literaire stüdzje yn it algemien haldde A. Wadman in lêzing dy’t yn It Beaken 1952 opnommen waerd. Al earder hie hy oer It probleem fan de Fryske litteratuer sprutsen op de Fryske seksje fan it Ned. Philologekongres 19502S. Beide artikels bihannelje in gans forskillend aspekt.

Greatere stüdzjes ha der ek west. Alderearst neam ik de dissertaesje fan Dr. Tj. W. R. de Haan Volk en Dichterschap 26 dêr’t binammen it folksliet by neamd wurdt. Anne Wadman samle in tal fan syn kritiken ünder de namme Kritysk Konfoai 27; hja geane meast oer Fryske, mar ek oer Hollanske skriuwers. In ryk boek fan deselde skriuwer, dat jin by it lézen deryn hieltyd wer meinimt, is Wadman’s Fryske Fersleare 28, in wurk dat dochs net fakernöch brükt wurdt by skoalle- of selsstüdzje.