It weromfinen fan it hüs fan Starter en it oanbringen fan in tinkstien yn ’e gevel joech oanlieding ta it üntstean fan in pear stüdzjes oer Starter, dy’t by üs Friezen nochal yn ’e gunst stiet. De redaksje fan It Beaken koe seis in boekje oer Starter gearstalle en ütjaen mei in wichtige bibliografy. De stüdzjes dêryn ha ik yn ’e noaten opnommen.3 It finen fan it hüs wie noch in hiele toer; de eardere archivaris fan Ljouwert H. M. Mensonides skriuwt der oer.4 Buten it Beaken-nr. forskynde der in moai djipgeand artikel fan Buitendijk yn it Tijdschrift voor Ned. Taal- en Letterkunde.5

Lyk as wenst is yn ’e léste jierren, waerden ek oan Gysbert Japiks inkelde stüdzjes wijd. S. M. Cuperus skreau oer It leauwe yn Gysbert Japiks’ tiid 6, Sybrand Galama bihannele De filosofy yn Gysbert Japiks’ tiid 7 binammen sa as dy oan ’e Frjentsjerter Akademy nei foaren komt, in ünderwerp dêr’t er yn 1954 op promovearre.

Us musikolooch, Jac. Jansen, bispriek de meldij fan Wolkom freugde fenne Wrad yn Gysbert Japicx en de (Stemme: Galethea geestigh dier, etc)” 8; hy wol dy fan Pers kieze boppe dy fan Stalpaert. Deselde joech in bydrage Oer de meldijen üt Ansck in Houck dêr’t er de meldij ~ick claeg u Venus Dieren” fan foun. Yn Ansck in Houck komt in sang fan Booske Rieme foar, de ballade dy’t Krogmann ütjown hat (sj. boppe). Hy jowt de bikende wize fan König. Yn hollanske sjongboeken komt de wize „Booske” net foar. Unbikend is ek in tredde lietsje „Haye sloeg op de bonge.9

Foar de eftergroun fan Gysberts wurk is syn bibliotheek fan tige bilang. Dêr is ek al faker omtinken oan jown. Dêrom is it wol tige wichtich dat E. Galama de measte boeken thüsbringe koe.10

Oer de forklearring fan Tjesck-moars see-aengste en binammen oer „fin fiere weagen” üntstie in aerdich disput yn Us Wurk Jrg. I, II en 111, dêr’t K. Dykstra, D. Raima en Chr. Stapelkamp oan meidiene.11 Foar Gysbert Japiks kin men nou (1957) ek brüke J. J. Raima Bibliografy Gysbert Japiks 12 en oer de meldijen it boek fan Jacob Jansen, Gysbert Japicx’ Lieten.13

Kr. Boelens joech ien fan de selsume almenakjes üt: Ackrumer Friesche Boere Almanack 1671, Estrikken IV.

Foar de literatuer fan de 18de ieu krigen week in rige stüdzjes dy’t iklikegoed en faeks better ünder 27zeZ biflappe koe, om’t deweardefan dizze literatuer dochs binammen fan bilang is foar de taelkunde. It binne De Fryske gedichten jan Eelke Meinerts üt de jierren 1779—1783 fan D. Simonides en Chr. Stapelkamp 14 en de Blydschips Betjoeginge jan E. Meinerts, troch Chr. Stapelkamp ütjown15, Volle Gelok e.s.f.