kommen is. It mei dan net allegearre like wichtich wêze, hoe soe it ek, it is dochs moai dat der sa fül arbeide is. Dat it is in foardiel om sa fjouwer jier wurk byinoar to sjen.

Foar my wie it hwat lêstich al dizze stüdzjes oer to ikkerjen, mar ik hoopje dat it measte my net üntkommen is. Ik folgje de yndieling sa as dy yn It Beaken wenst wie.

Literatuer.

Alhoewel’t men twivelje kin oft it boek fan Campbell Thet Freske Riim, Tractatus Alvini1 net earder ünder de rubryk Tael thüsheart, wol ik it hjir dochs neame, orn’t de skriuwer fan Thet Freske Riim, neffens de foarm fan it wurk, bisocht hat literatuer to jaen. It earste is in Frysk rymwurk en it twadde in middelnederlansk oer de forneamde frijforklearring fan de Friezen. Campbell bisprekt de forhalding tusken de beide stikken, dy’t fóar 1500 bistien hawwe sille. Dér komt de Magnus-leginde by topraet, dy’t in pear jier letter troch Van Buijtenen ek bihannele waerd. Campbell giet moai wiidweidich de breklike styl fan it Riim nei, dy’t er forklearret üt de tiid en omstannichheden, hwat er biwiist mei Middelnederlanske en Leechdütske teksten. Fan de taal fan it Riim wurde binammen de klanken foarmlear bisprutsen, en sa sjogge wy it forrin fan it aldfrysk nei it midfryslc. Dan folgje de teksten mei kommentaer. It boek slüt mei in Wurdlist dy’t tagelyk in Index Verborum is. Wy meije Campbell tankber wêze foar de tiid dy’t er oan dit wurk jown hat, en de greate earnst en kunde dêr’t it mei bihannele is.

Itselde kin men sizze fan de wize hwerop’t Willy Krogmann twa aldfryske balladen: Buhske di Remmer en A Redder trad a Raiendaans 2 ütjown hat. De earste is eastfrysk, de twadde noardfrysk. Krogmann neamt jit in tredde dy’t üt ’e 16 of 15de ieu wêze soe: Hans Taedtsen auwer di Merke snarr.

Mar hy bisprekt binammen de twadde, dy’t Bremer al ütjaen woe yn 1927. De tekstskiednis wurdt neigien en de tael yngeand bihannele. Dizze Föhringer ballade moat op syn lést yn ’e 15e ieu üntstien wêze neffens Krogmann, dus yn ’e aldnoardfryske tiid dêr’t wy fierder gjin taeldokuminten fan ha. De earste ballade is aldeastfrysk en ek wakker ald: yn de Fryscke Gear-Spraeck fan 1639 of fan 1609 wurdt Booske Rieme al neamd. Yn forskillende eastfryske dialekten kaem er foar en hy moat wol weromgean op it aldeastfrysk. Krogmann makket seis in oersetting yn it aldeastfrysk. De eastfryske Landschaft hat der goed oan dien dizze stüdzje mei syn bilangrike bydragen, ek op it taelkundige mêd, üt to jaen.