biwarjen fan de ymmuniteit fan de Fryske hegeskoalle troch it hege Fryske bistjürskolleezje. Dat léste lei de magistraet fan de goede stêd Frjentsjer bytiden swier op ’e mage, en dat is skoan to bigripen! Breda, 1946. A. Hallema.

1 Boarnen: Gemeente-archyf Frjentsjer, nrs. 809 en 821, Register Telting; nrs. 27, 28, 36 en 43, Register Wierda; fierder Mr. W. B. S. Boeles, „Frieslands Hoogeschool en het Rijks Athenaeum te Franeker”, 1878—1889; E. L. Vriemoet, Athenarum Frisiacarum, Leeuwarden 1758, p. 886 vlg.

2 Sjoch bihalven Boeles, Frieslands Hoogeschool I, it pamflet, dat stiet op namme fan Prof. Ulrich Huber: „Weeghschaal van redenen over het verplaatsen der Academie van Franeker naar Leeuwarden” (1675), Catal. Pamfl. Kon. Bibl. no. 11349a.

3 lortsen = ünearlik wêze yn’e hannel, fgl. Verdam, Mnl. Wdb. i.v.

Sidiijók yn ’& jLeweti ’5O, ’5l, '52 en '53.

Troch allerhande oarsaken buten myn skuld binne oer de boppesteande jierren gjin forslaggen fan Frysk stüdzjewurk yn It Beaken mear opnommen. De rige is op ’en nij bigoun yn it Friesisches Jahrbuch 1955, dêr’t in Literatur-Überblick 1954 yn forskynd is. It is it doel it oersjoch oer de jierren ’55, '56 en '57 yn it Jahrbuch 1958 to jaen. De rige is al yn 1938 bigoun, dêrom is it bigreatlik dat der in gat fan fjouwer jier yn sit. De redaksje fan It Beaken miende dat it sin ha soe it gat to stopjen, om’t de artikels noch al ris brükt wurde. Dêr wiene se ek foar ornearre. Wy sille bisykje nou it üntbrekkende gear to stallen.* As men ris oersjocht hwat der yn ’e jierren 'so—'s4 skreaun is, dan is der dochs wol reden ta tankberens dat der safolle ta stan * Foar it gemak fan de brükers lit ik hjir earst noch efkes folgje hwer’t de stikken to finen binne: Frysk stüdzjewurk yn 1937 Frysk Jierboek 1938. 1938—july 1940 Frysk Jierboek 1941. july 1940—july 1941 Frysk Jierboek 1942. july 1941—jann. 1943 Frysk Jierboek 1943. yn 1943 Frysk Jierboek 1946. fan 1944 oant 1948 It Beaken X (1948). yn 1948 en 1949 It Beaken XII (1950). yn de jierren 1950—1954 It Beaken XIX (1957). Literatur-Überblick 1954 Friesisches Jahrbuch 1955.