lieten, ien en oar foar de heechlearaers en de studinten ~sampt allen dengenen, dewelcke volgens voorgaende gewoonte daer onder hebben geresorteert.”

De studinten founen nei it fordwinen fan de saek-Coumans yn de taperij fan Syerck Pyters, dy’t in soartgelikense ynrjochting eksploitearre op de Tunen, al moai gau in nije studintekroech, dêr’t hja it al daliks wer sa nuver fortoanden, dat dizze saek of bifel fan de oerheit sletten waerd.

De beammen buten de Westerpoarte bygelyks hiene it swier üntjilde moatten, en dêr krigen de studinten, dy’t tofolle oan Bacchus offere hiene, de skuld fan. Wol kamen hja fulyn ’t protest en demonstrearren yn forskate optochten tsjin dat bislut; hja setten seis nei de wente fan de presidearjende boargemaster ta om fan him de iepenstelling to easkjen, en dielden mei dat, hwannear’t soks net barre soe, „zij daerinne tot hun leedweesen solden versien.”

Marde magistraet haldde ek diskear de foet stiif en wist de tastan yn ’e han to halden troch daliks gear to kommen, de wachten to fordübeljen, en inkelde patroeljes opkomme to litten om mei alle middels eltse foarm fan gewelt fuortynienen mei krêft to bitwingen, „met expresse protestatie voor God ende haer E. conscientien onschuldich te willen zijn aen alle onheylen, uyth deese ende diergelijcke ongehoorde acten ende attentaten te resulteren.” Alwer in biwiis, dat studintetrelit in forskynsel fan alle tiden is!

„De Franequer Los-Kop of Holbollige Student” (17e ieu), Du Prat’s „Venus in het klooster of de nonne in haar hembde, tot Franeker gedrukt voor de Studenten” (ek sünder jiertal, nei alle gedachten ein 17e ieu) en „Het Franeker Studentenleeven, kluchtspel”, to Amsterdam yn 1744 yn it ljocht jown dêr’t allinnich it earstneamde boekje wichtich fan is om de nijsgjirrige öfbyldingen dy’t der yn foarkomme litte wol sjen, dat de jonge Akademyboargers ek yn Frjentsjer neat op nocht en wille tsjin hiene, dat hja net oanienwei en bytiden mar in binaud bytsje nei har boeken omseagen, en dat hja de oerheden mei harren healwize stikken it fjür bytiden nei oan ’e skinen leine, lyk as dat hja de boargers nou ris pleagen, dan wer formakken, en harsels nou ris yn in fleurige studintikoaze stimming, mar dan wer yn slimme swierrichheden brochten.

Yntiid docht üt it hjirboppe bihannele gefal op de eftergroun wol bliken, dat de strideraesje om it omstriden monopoalje, diskear rjochte tsjin de figuer fan Johannes Coumans, yn wêzen meiiens in striid wie tusken deputearre steaten fan Fryslan en de oerheden fan Frjentsjer oangeande de hegemony oer de universiteitssaken en it